Normaal stiet de Kening yn it midden by de priiswinners, mar hjir stiet de Keizer yn it midden.
Piet Keizer út St. Anne hie krekt as yn It Hearrenfean de krâns (goed lotte seinen se).
Op de foto lofts stiet Bouwe van der Veer út Winsum en rjochts Sjirk Overal út Oldebroek.
Sjirk hie yn it Fean ek al de krâns. No wie hy bêste fan de dei en ûntfong de sulveren bal.

De 55+ net mei de koets troch Balk.

Hjoed wie in dei fan nasjonale rou, fanwegen it fleanmasine-ûngemak yn Oekraïne.
Dêrby kamen 193 Nederlanners om. Foar it keatsen wie in minuut stilte en de priiswinners
gongen net op it ein fan de middei mei de koets troch Balk.
Under oan stiet it folsleine ferslach.

Hjirûnder stean alle priiswinners mei de horloazjes. Oan de rjochterkant skiedsrjochter Age Tichelaar.
F.l.n.r.: Jan Buitenga, Dick Wiglema, Auke Kuiken, Rienk de Groot, Bouwe van der Veer, Piet Keizer,
Sjirk Overal, Gerard Voogd, Germ Hallema, Op knibbels: Hillebrand Schuurmans en Douwe Broersma.

Balk alle prijswinnaars

Hjirûnder foar it clubgebou fan K.V. Cannegieter: Foarsitter Piet Bosgraaf rikte earst de blommen út
oan de frijwilligers en dernei de horloazjes oan de priiswinners.

Balk prijsuitreikBosgraaf

Foar de jierlikse 55+ PC yn Balk is altyd in protte belangstelling. No wienen 96 keatsers delkommen en om 10.00 oere koe it oangean. De manjlu fan K.V. Cannegieter hienen de 2 fjliden mei 9 perken d’r moai by lizzen en yn de kantine wie de goeie soarch fan Roelie Berkepas, Femmy Miedema en Lucy Koster. De wedstrydlieding wie yn hannen fan Foppe de Vries en sa as alle jierren is Benny Berkepas út Raerd d’r ek foar assistinsje. It wie tsjin de 30 graden, mar troch it wyntsje wie it bêst te dwaan om te keatsen. De froulju en de manlju sieten tusken harren partijen moai yn it skaad fan de beammen.
De lêste slach foel om 16.45 oere by de partoeren 95 en 96 op de stân 5-3 (6-0). Andries Idzerda fan partoer 96 moast opslaan mei in keats fan sa’n 7,5 meter, neffens blokjerinner Koop Scholten en brocht de bal foaryn by Catrinus Kooistra, mar dy wie de hiele dei al net in bal fertroud, sadat hy de keats dik foarby sloech. Syn maat Bouwe van der Veer wie hjir tige bliid mei, want hy wûn de krâns, krekt lyk as ferline jier.

Piet Bosgraaf rikte om 17.15 oere earst blommen út oan de kantinefroulju, de manlju fan K.V. Cannegieter, dy de saak sa goed foar elkoar hienen en de mannen fan de Kommissie. Dernei rikte hy de horloazjes út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Foar it klassemint steane no twa op it earste plak mei 31 út 17 wedstryden en dat binne Jan Feenstra en Bert Veldman. Jan wûn mar 1x en Bert 2x. D’r binne twa efterfolgers mei 30 punten.
Nije wike dus de PC yn Frjentsjer en omdat oer 2 wike op woansdei de Freule is, geane de 55-plussers op tongersdei 7 augustus nei Jelsum/Koarnjum.

A-klasse:   1. Bouwe van der Veer, Winsum. 2. Jan Buitenga, St. Nyk. 3. Rienk de Groot, Ljouwert. 4. Germ Hallema, Jorwert.
B-klasse:   1. Sjirk Overal, Oldebroek. 2. Douwe Broersma, Mullum. 3. Auke Kuiken, St. Jabik. 4. Hillebrand Schuurmans, Boalsert.
C-klasse:   1. Piet Keizer, St. Anne. 2. Dirk Wiglema, De Jouwer. 3. Jouke Goudberg, Ketlik. 4. Gerard Voogd, Harns.