F.l.n.r.: Skelte Poelstra, Ype de Vries, Hessel Miedema en Bouwe van der Veer.

De 55+ toppers yn de koets troch Balk.

Op 24 july wienen 108 keatsers nei Balk ta setten foar harren jierlikse PC. It wie no de 15e kear al wer en d’r wienen ek wer in soad froulju meikommen. Keatsers en taskôgers mochten bliid wêze, dat it dizze dei net mear sa hjit wie as de foargeande trije dagen mei sa’n 30 graden. It hâlde no op mei 24 graden en de net-keatsers koenen moai yn it skaad fan de beammen efter de perken sitte. Keatsferiening Cannegieter hie it geweldich foar mekoar, sawol op it fjild mei 9 perken as yn de kantine. Foar de priiswinners wienen d’r horloazjes fan haadstiper Arie de Koning en hjir kinne jo wol op fertrouwe, want Dik Wiglema hat noch altyd in horloazje om, dat hy 14 jier lyn wûn hat yn Balk. Trouwens eltse keatsers krige it ’t Balkster Balkje en dat is in ferrekte lekkere koeke fan de Balkster bakkers Meinsma en Steenbeek. Op de foto sitte foar de priiswinners op de bok koetsier Lambertus Mous en links fan him sit Siep Berkepas, dy dizze dei 71 jier wurden is. Siep is net allinnich 55+ keatser, mar ek al 50 jier ponghâlder fan KV Cannegieter. Siep en syn frou Roelie hawwe harren yn al dy jierren hiel bot fertsjinstlik makke foar it keatsen en in hiel soad oare dingen. Terjochte, dat sy beide yn 2011  lid wurden binne fan “Oranje Nassau”.

Om 10.00 oere gong it oan en om 16.50 oere foel de lêste slach by de partoeren 105 en 106. Dat is mear as in oere earder as ferline jier. Op de stân 4-5 (6-6) sloech Hans Homminga fan partoer 106 op mei in keats fan om en naby 10 meter. De mannen fan partoer 105 koenen de bal wol reitsje, mar dêr hâlde it ek mei op, sadat Skelte Poelstra fan partoer 106 de krâns wûn. Hilbrand Schuurmans, lieder fan it Klassemint, wûn twa kear en kaam no op 28 punten. Hjirmei hat hy no 3 punten mear as Oeds Broersma en Sipke Wiersma. Oeds wûn 2x  en omdat Sipke d’r net wie, koe Oeds him byhelje. Fuortdaliks nei de lêste slach mocht Piet Bosgraaf, foarsitter fan de 55+,  earst in prachtich bos blommen útrikke oan de froulju fan de kantine. Dernei makke hy de priiswinners bekend en hong de krânsen om. Bouwe van der Veer ûntfong de sulveren bal as bêste keatser fan dizze dei. Men koe werom sjen op in prachtige gesellige dei. Oer 15 dagen, op tongersdei 8 augustus 2012, geane de 55plussers nei Jelsum/Koarnjum.

A-klasse : 1. Bouwe van der Veer, Winsum. 2. Jouke de Roos, Luttelgeest. 3. Anno Miedema, Stiens.  4. Bertus de Jong, Ljouwert.
B-klasse:
1. Hessel Miedema, Balk. 2. Siebe van der Zee, Lelystêd. 3. Wim Jousma, Tytsjerk. 4. Jaap van der Veen, St. Anne. 5. Teake Koster, Harns. 6. Anne Dijkstra, Ljouwert. 7. Eeltsje Wiersma, Berltsum.
C-klasse:
1. Skelte Poelstra, Hijum.
D-klasse: 1. Ype de Vries, Oentsjerk. 2. Jan Hoekstra, Gytsjerk.

Balk_overige_prijswin24juli

De overige prijswinnaars gingen op de wagen achter de trekker door Balk.

Balk_vDijk_Berkepas_Miedema24juli

Dit zijn de dames van Balk, die voor de 55+ kaatsers het eten en drinken verzorgden.
Van links naar rechts Rutie van Dijk, Roelie Berkepas en Femmy Miedema.

Balk_onder_parasol_24juli

De wedstrijdleiding (Foppe de Vries en Piet Keizer) en kaatsers met een belangstellende echtgenote waren blij met de beschutting van de parasols.

Balk_publiek_24juli

Het talrijke publiek kon mooi achter de perken beschutting zoeken tegen de zon.