De priiswinners mei de krâns, flnr.: Skelte Poelstra, Ynze Stienstra en Henk Noordbruis.

De 55+ toppers yn de koets troch Balk.

Op 25 july wienen 114 keatsers nei Balk ta setten foar harren jierlikse PC en d’r wienen ek in soad froulju meikommen. Keatsers en taskôgers koenen genietsje fan it prachtich moaie waar, hoewol de measten yn it skaad fan de beammen sitten gongen en d’r wienen keatsers, dy it te waarm fûnen by in in temperatuer tusken de 25 en 30 graden. Keatsferiening Cannegieter hie it geweldich foar mekoar, sawol op it fjild mei 8 perken as yn de kantine en ek de prizen koenen d’r wêze. Sy hienen horloazjes mei in flinke koarting ynkocht by haadstiper Arie de Koning en hjir kinne jo wol op fertrouwe, want Dik Wiglema hat noch altyd in horloazje om, dat hy 13 jier lyn yn Balk wûn hat.  De12 keatsers fan 1942 (dit jier 70) traktearden op rikke poon en dy wienen hartstikke lekker. Om 10.00 oere gong it oan en om 18.00 oere foel de leste slach by de partoeren 113 en 114. Op de stân 3-5 (2-2) sloech Anno Miedema op mei twa keatsen. De earste sloech Jan Houwer foarby en dernei hie Anno twa sitballen, sadat it 4-6 war. Jan hie noch in keats makke fan 6 meter. Dernei moast Daan Groen fan partoer 113 opslaan en dy brocht de bal efteryn by Minne Soepboer. Minne soarge d’r foar, dat syn maten Ynze (1e) en Anno (2e)  yn de prizen kamen, want hy sloech de keats foarby. Under de keatserij binne de froulju Balk yn west en koenen d’r yn in winkel foar € 10,- allerhande fan spul keapje.

Sjirk Overal, lieder fan it Klassemint, wûn twa kear en kaam no op 34 punten. De neiste bedrigers kamen net tichterby, want sy wûnen mar 1x as 2x. Sjoerd Nicolai is no twadde mei 27 punten en dan binne d’r noch trije efterfolgers mei 26 punten. Fuortdaliks nei de lêste slach mocht Piet Bosgraaf, foarsitter fan de 55+,  earst in prachtich bos blommen útrikke oan de froulju fan de kantine, de koetsiers en de 55+Kommisje. Dernei krigen de priiswinners in horloazje. Henk Noordbruis ûntfong de sulveren bal as bêste keatser fan dizze dei. Men koe werom sjen op in prachtige gesellige dei en nettsjinsteande de warmte wienen d’r gjin tsjinslagen sa as ferline jier. Oer 22 dagen, op tongersdei 9 augustus 2012, geane de 55plussers nei Jelsum/Koarnjum.

A-klasse : 1e. Ynze Stienstra, Baaium. 2e. Anno Miedema, Stiens. 3e. Jouke de Roos, Luttelgeest. 4e. Klaas Postma, It Hearrenfean. 5e. Jurjen Tiesnitsch, Westhoek. 6e. Sipke Hiemstra, Easterein.
B-klasse: 1e. Henk Noordbruis, Marsum. 2e. Andries Gilelbaard, It Hearrenfean. 3e. Bert Veldman, Boalsert. 4e. Jan van der Linden, Amsterdam. 5e. Auke Kuiken, St. Jabik. 6e. Jan Faber, Wytmarsum. 7e. Willem Leenes, St. Nyk (20-8).
C-klasse: 1e. Skelte Poelstra, Hijum. 2e. Jan Wagenaar, Winsum. 3e. Gooitzen Roorda, Froubuorren. 4e. Rein Seerde, Snits. 5e. Albert Dijkstra, Harns.

Prijswin2012juli25wagen