Treurich ein fan 55+ PC yn Balk.

Nei in oantal reinige dagen wie it no moai keatswaar yn Balk. Foardat de earste 60 keatsers fan de list fan 120 los koenen, war d’r in minuut stilte holden foar Theo Gijsen, dy op 23 July 2011 is ferstoarn. Hy is 84 jier wurden en hat yn 2009 foar it lêst noch twa kear meidien. In soad keatsers dus yn Balk en ek nogal wat froulju. Dêr lei it dus net oan, mar om en naby 12.45 oere holden de manlju d’r ynienen mei op, want Jappie Miedema út Stiens lei op it fjild mei in hert stilstân. Fuortdaliks war hy reanimeert troch Anno Miedema út Stiens, in betûfte EHBO-er en nei in tweintich minuten kaam de earste Sike-auto,  dy mei in defibrillator (AED) oan de slach gie. Nei noch ris fiif minuten kaam de twadde Sike-auto mei in plysje-auto foarop. Om 13.30 oere binne de auto’s mei Jappie Miedema ôfsetten nei it Sikehûs yn Snits en Piet Santema ek út Stiens, gie as begelieder mei yn de Sike-auto. De keatsers en Kommisje hienen nei it fuortgean fan de Sike-auto’s gjin nocht mear om fierder te keatsen en de minsken gongen mei in frjemd gefoel nei hûs. De moarns 28 July krige de Kommisje it drôvige berjocht, dat Jappie Miedema de ôfrûne nacht is ferstoarn. Ferskrikkelik jammer, dat ús sympatyke keatsfreon der net mear is. Op 19 Augustus wie hy 64 jier wurden.