De priiswinners sûnder krâns, flnr.: Eddy van der Lei, Hillebrand Schuurmans, Auke Kuiken en Teade de Vries.

De 55+ ha it spits derôf biten yn de Trije.

Op 10 oktober 2012 wienen 102 keatsers nei Frjentsjer ta setten en om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de list. Goed nijs oer Foppe de Vries, want hy mocht op dizze keatsdei wer nei hûs. Hopelik meie wy him aanst wer begroetsje by ús keatserij. Piet Keizer en Minne Soepboer namen no de wedstrydlieding foar harren rekken en dêr hienen sy it mar drok mei, want sy keatsten ek mei. Jo moatte dan de mannen oproppe en de útslagen ferwurkje. Us âldste dielnimmer, Willem van der Meulen wie d’r wol, mar koe net meikeatse fanwegen lêst fan de knibbel. Oer 3 wike wurdt hy 88 jier!

Om 16.35 oere foel de lêste slach by de partoeren 99 en 100. Op de stân 5-5 (2-4) moast Siete Wassenaar fan partoer 100 opslaan, mei twa keatsen fan sa’n 30 meter en dan soenen jo sizze, dit is “kat yn it bakje”. Mar it pakte oars út. De earste bal brocht  hy efterryn by Durk van der Schaaf en dy sloeg de keats fier foarby. De twadde opslach wie bûten en dernei hie Siete safolle krêft, dat de bal oer eltsenien en it perk hinne gie, kwea dus.  Partoer 99 wûn hjirmei dochs noch en Evert Heeg fan partoer 100 siet hjirmei krekt neist in priis.

Sjirk Overal wûn twa kear en is royaal earste bleaun yn it Klassemint, no mei 42 punten.  Sjoerd Nicolai wûn 2x  en Johan Sikkema wûn 1x, sadat sy no 2e en 3e binne mei 37 punten (Sjoerd út 19 en Johan út 21 wedstryden). Piet Bosgraaf rikte om 16.55 oere de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Troch in misferstân wienen d’r gjin krânsen en dat moat oer 14 dagen goedmakke wurde, as de 55plussers op woansdei 24 oktober 2012 opnij nei de Trije yn Frjentsjer geane.

A-klasse : 1e. Eddy van der Lei, Ljouwert. 2e. Oeds de Roos, Menaam. 3e. Oeds Broersma, Wytmarsum.
B-klasse:
1e. Auke Kuiken, St. Jabik. 2e. Sybe van der Zee, Lelystêd. 3e. Klaas Postma, It Hearrenfean.
C-klasse:
1e. Hillebrand Schuurmans, Boalsert. 2e. Pieter Bouma, De Jouwer. 3e. Hans Homminga, De Jouwer.
D-klasse:  1e. Teade de Vries, Frjentsjer. 2e. Heinz Palsma, Seisbierrum.