Op de foto fan loft nei rjochts: Sjouke Herrema, Teade de Vries, Jan Buitenga en Piet Bierma.

Aaisykje en dochs ek wer folle bak by it 55+ keatsen.

It wie prachtich waar te aaisykjen en dochs wienen op 12 maart 114 keatsers nei Frjentsjer takommen. Earst war in minuut stilte hôlden by it ferstjerrren fan Henk Postma út Marsum, dy oan’t en mei 2011 altyd in troue besiker wie fan de 55+ wedstryden. Dernei koe it om en naby 10.10 oere oangean mei de earste 54 keatsers (18 partoeren) fan de list. De lêste slach foel om 16.00 oere by de partoeren 91 en 92 by de stân 5-5 (6-6), dus tige spannend. Op dy stân moast Lammert Miedema fan partoer 92 opslaan mei in keats fan sa’n 10 meter en hy brocht de bal efteryn by Tjerk Jorritsma.  De útslach fan Tjerk koe keart wurde troch Douwe Broersma, sadat partoer 92 wûn en Tjerk Jorritsma, Freek Kuipers en Wopke Wiersma fan it oare partoer de 3x winst misrûnen. Sy hienen alle trije al 2x wûn. Om 16.40 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 2 wiken, op 26 maart, geane de 55-plussers op ‘e nij nei de Trije.

A-klasse:1. Jan Buitenga, St. Nyk. 2. Jan Feenstra, Winsum. 3. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 4. Piet Stellingwerf, Harns. 5. Ynze Stienstra, Baaium. 6. Hans Hilarides, St. Jabik.
B-klasse: 1.  Piet Bierma, Dronten. 2. Dirk Wiersma, Marsum. 3. Wim Jousma, Tytsjerk. 4. Kees Sikkema, Dronten. 5. Gerrit Otter, Goutum (20-12).
C-klasse: 1.  Sjouke Herrema, Hoorn. 2. Gooitzen Roorda, Froubuorren.
D-klasse: 1.  Teade de Vries, Frjentsjer. 2. Jan Hoekstra, Gytsjerk.