De priiswinners mei de krans, flnr.: Gerrit Winkel, Jolly Dooper, Piet Bosgraaf en Frans Postmus.

Foarsitter Piet Bosgraaf ek yn de krâns by de 55+ yn Frjentsjer.

Op 13 maart wienen samar wer 108 keatsers fan de 55+ ôfsetten nei de Trije yn Frjentsjer. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de list fan 108. Foppe de Vries die wer de wedstrydlieding, no mei stipe fan Minne Soepboer.

De partoeren 103 en 104 moasten om 16.30 oere (de eintiid) ophâlde by de stân 4-5 (0-0) en de partoeren 107 en 108 by de stân fan 2-4 (2-6). Om 16.50 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer 2 wike, op 27 maart 2013 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1. Frans Postmus, Hitsum. 2. Bertus de Jong, Ljouwert. 3. Jan Feenstra, Winsum. 4. Jurjen Tiesnitch, Westhoek. 5. Durk van der Schaaf, Stiens (20-15).
B-klasse: 1. Gerrit Winkel, St. Anne. 2. Rients Wartena, Burgum. 3. Auke Kuiken, St. Jabik. 4. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 5. Jan Spoelstra, Frjentsjer.
C-klasse: 1. Jolly Dooper, Oentsjerk. 2. Henk Werkhoven, Gytsjerk.
D-klasse: 1. Piet Bosgraaf, Drachten. 2. Henk Bootsma, De Knipe. 3. Sipke Wiersma, St. Jabik. 4. Lou Herrema, Slappeterp (20-13). 5. Roel Zijlstra,  Menaam (20-14).