De priiswinners mei de krâns, flnr.: Klaas Postma, Teade de Vries en Jan Beimers (Marten Bergsma wie al yn de auto nei hûs).

De 55+ is no wer út ein setten yn De Trije yn Frjenstjer.

Ofrûne woansdei 13 oktober wienen 90 keatsers wer nei Frjenstjer ta set foar de earste wedstryd dit winterskoft yn de keatshal en der is it fansels altyd droech waar en gjin lêst fan de wyn, mar de perken binne der mar 3 meter breed. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 fan de list. Yn de grutte hal lit men twa swiere kleden sakje, sadat yn de trije hallen yn eltse hal 3 partoeren tsjin 3 oare partoeren stean. De KNKB hie wyte, rôze en giele ballen beskikber stelt om út te probearjen, oan dizze betûfte keatsers, mar allegearre fûnen de rôze ballen mar min te sjen yn de keatshal.

De partoeren 87 en 88 wienen dien om 15.40 oere. Sipke Wiersma fan partoer 87 moast opslaan mei in keats fan 20 meter op de stân 5-3 (6-6) en brocht de bal foaryn by Hans Homminga, doch dy koe de bal net fier genôch útslaan, sadat partoer 87 wûn en Sipke syn maat Marten Bergsma, de krâns meinaam nei Reduzum.

Piet Bosgraaf rikte om 16.10 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen.

Oer twa wiken, op woansdei (27 oktober) geane de 55plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjenstjer.

A-klasse : 1e. Klaas Postma, It Hearrenfean. 2e. Herman Steneker, Ljouwert. 3e. Luitzen Steegstra, Blije.

B-klasse: 1e. Jan Beimers, Dronryp. 2e. Jan Bootsma, Wommels. 3e. Hlibrand Schuurmans, Boalsert. 4e. Oege Dijkstra, Hijum.

C-klasse : 1e. Marten Bergsma, Reduzum.

D-klasse: 1e. Teade de Vries, Frjenstjer. 2e. Johannes Algra, Frjenstjer. 3e. Jan van der Vlugt, It Hearrenfean.