De priiswinners mei de krâns, flnr.: Bouke Jousma, Piet de Groot, Jan de Ridder en Wiebe van Dijk. Jan de Ridder stiet foaroan en dat is mei rjocht, want hy wûn de “sulveren bal” als bêste fan dizze dei.

Grut feest en 130 keatsers by de 55+.

Op 17 Desimber 2014 wie de grutte dei om it 20-jierrig bestean fan it 55+ keatsen te fieren. D’r wienen 130 keatsers nei Frjentsjer takommen en dat net allinnich, want 55 froulju wienen de moarns oan it blomskikken, 46 froulju dienen de middeis mei oan de Bingo en nei dit alles bleaunen sa’n 190 minsken te iten foar it Sinees buffet. Ek âld 55+keatsers wienen útnoege. Neidat men de ynliz betelle hie ûntfong men in boekje wer de list fan de keatsers/partoeren yn stie, makke troch Minne Soepboer. Piet Keizer hie lotte en Foppe de Vries die de wedstrydlieding. It begong de moarns om 9.30 oere en de partoeren 123 en 124 moasten ophâlde om 17.00 oere op de stân 5-5 (0-0).

Sjirk Overal hat it oprêden en hat krek lyk as yn 2012 it klassemint wûn. Piet Bosgraaf rikte om 17.15 oere de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen en de earste 5 fan it Klassemint 2014. Fierders binne blommen útrikt oan alle frijwilligers fan 2014, dy harren fertsjintelik makke hawwe foar it Keatsen55+. Oer 3 wike op 7 Jannewaris, geane de 55-plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse: 1. Piet de Groot, Mullum. 2. Jan Feentra, Winsum. 3. Oeds de Roos, Menaam. 4. Piet Stellingwerf, Harns. 5. Ieme de Haan, Makkum. 6. Jan de Jong, Menaam (20-8). 7. Jan Houwer, Boalsert (20-9). 8. Johan van der Veen, Oentsjerk (20-11).
B-klasse: 1. Jan de Ridder, Tolbert. 2. Auke Althof, Doanjum. 3. Bart Limburg, Wolvegea. 4. Anne Dijkstra, Ljouwert. 5. Douwe Broersma, Mullum. 6. Alle Jongsma, Goutum. 7. Henk Werkhoven, Gytsjerk. 8. Wim Jousma, Tytsjerk.
C-klasse: 1. Bouke Jousma, Menaam. 2. Pieter Bergsma, Gytsjerk. 3. Sjoerd Feenstra, Dronten. 4. Jolly Dooper, Oentsjerk.
D-klasse:  1. Wiebe van Dijk, Harns.

Dit is it begjin noch mar. D’r komt noch folle mear, want op sa’n moaie dei is d’r hiel wat bart en dêr binne ek foto’s fan makke.

Hjirûnder binne sa’n 55 froulju oan lange tafels op de tribune oan de gong mei it meitsjen fan in moai blomstik foar de Kryst ûnder lieding fan de susters Jannie Bakker en Wietske Nutma. Links op de foto rint âld kommisjelid Paulus Ennema d’r lâns op wei nei de kantine.

17dec Bloemschikken

Hjirûnder sitte de susters Wietske Nutma en Jannie Bakker mei de moaie blomstikken.

17dec WietskeJanny

De froulju hienen ek in moai blomstik makke foar Piet Bosgraaf syn frou, dy ôfrûne snein raar fallen wie en dêrby in skouderbonke bruts. Dan falt it foar de foarsitter net mei, as jo dan de ôfrûne dagen ek al sa’n drokte hawwe mei de tarieding fan dit grutte feest. Myn petsje ôf foar dizze man. Hopelik komt syn frou d’r gou wer boppe op.

17dec PietBosgraaf bloemst

Rjochts op de foto sit de lieding fan de Bingo yn de kantine fan de Trije. Dat binne Johnny van der Wei út Boalsert en Lucy Koster út Harns. Nûmer 42 docht ek mei foar de priis.

17dec Bingo JohnnyLucy

Foppe de Vries hie de wedstrydlieding en moast fansels de útslagen ek goed ferwurkje.

17dec Foppe wedstrijdleid

Oersicht fan it keatsen yn seal 3 fan de Trije.

17dec Zaal3 met kaatsers

Willem van der Meulen, 90 jier, hie dit jier al 7x keatst by de 55+ en moast no op sa’n wichtige dei net ûntbrekke fansels. Nei april fan dit jier kaam Willem noch faak by it Keatsen 55+ om te blokjerinnen as om de tillegraaf by te hâlden. It wie foar Willem in hiele grutte ferrassing, dat syn famylje op syn lêste keatsdei lâns kamen. Op de foto sjogge jimme foaroan f.l.n.r. dochter Tytsia, Willem, Willem syn frou Rieny en dan dochter Maartje. Efteroan yn de midden stiet de âldste soan Philip, lofts soan Wilrie (de Benjamin) en oan de oare kant soan Piet.

17dec WvdMeulen met fam

Wiebe van Dijk út Harns wûn de krâns en fûn it sa moai, dat Willem van der Meulen op syn hege leeftyd noch in kear mei dy, dat hy Willem de krâns om hong.

Willem vdMeulen met krans

As jo dizze leuke “blondines” sjogge, dan snappe jo wol werom d’r om de 14 dagen safolle manlju nei de kantine yn de Trije komme. Foppe de Vries hat d’r faak muoite mei om de mannen wer oan it keatsen te krijen.  Wat dizze froulju ek goed kinne: Rêstich bliuwe, ek al stean d’r 10 man te roppen om in bestelling.
Op de foto f.l.n.r.: Amanda, Els en Marrit.
17dec AmandaElsMarrit

Foarsitter Piet Bosgraaf begroetet Henk Seerden út Frjentsjer, dy fan it begjin yn 1994 oan’t en mei 2009 as skriuwer yn de Kommisje 55+ sitten hat. Foar Piet Bosgraaf sit Jan Hoeksma út Dokkum, dy fan it begjin yn 1994 oan’t en mei 2003 as ponghâlder yn de Kommisje sitten hat. De soan fan Piet Bosgraaf is troud mei in dochter fan Jan Hoeksma en dan komme jo wol ris by elkoar oer de flier. Dizze beide mannen hawwe ein 1994 it inisjatyf nommen ta it Keatsen 55+. Fia in oprop yn de Wis-in kaam in gearkomste yn Motel van der Valk yn Frjentsjer (it Mekka) en dernei is de earste wedstryd hôlden op 28 Desimber 1994. Yn tusken witte jimme wat in sukses it Keatsen 55+ is.

17dec HenkS PietB JanHoeksma

Op ûndersteande foto steane de keatsers, dy ek yn Desimber 1994 mei dienen.
It binne f.l.n.r. Evert Heeg út Easterlittens, Piet Bosgraaf út Drachten, Willem van der Meulen út Drachten en Henk Vuijk út Burdaard.
Evert Heeg is in âld topkeatser en docht no meastentiids mei yn de A-klasse. Hy is noch altyd like fûl en kin krekt fertelle hoe as it gong mei de lêste slaggen yn de partijen, dy d’r ta dienen.
Ien dy goed rekkenje kin wit no, dat dizze mannen minstens 75 jier wêze moatte, want oars hie it yn 1994 gjin 55+ wêze mocht. Willem is fansels de topper mei 90 jier.
Henk Vuijk is in “Hollander”, dy yn Drachten wenne hat en dêr it keatsen leart hat. De boppe lei foar him fierstene te tichtby, want hy koe allemachtich fier útslaan mei in moaie polsslach.

17dec EvertPietWillemHenk

Op de foto steane ek f.l.n.r.: Piet Bosgraaf, Johan Sikkema, Piet Keizer en Foppe de Vries. Sy steane te harkjen nei de moaie wurden fan Koop Scholten, dy as wurdfierder fan de keatsers de Kommisje 55+ ta spruts foar al it goeie wurk wat sy yn de ôfrûne jierren dien hawwe. Minne Soepboer heart hjir ek by, mar moast fanwegen “in dip” ferstek gean litte. As dank mochten de Kommisjeleden in hiel moaie glêzen stander en in envelop mei VVV-bonnen yn ûntfangst nimme fan Oeltsje Velstra. Op dizze stander stie in glêzen pompeblêd en deryn in glêzen keatswant mei in bal. (Yn de want siet gjin nap). Piet Keizer hat de doaze mei it kado ûnder de earm. De keatsers Jan Veenstra, Monte Hallema, Oeltsje Velstra en Koop Scholten wienen de ôfrûne moannen mei de pet rûn west by de keatsers foar dizze kado’s.

PietB JohanS PietK Foppe dV

Hjirûnder de komplete Kommisje 55+, sa as dy de ôfrûne jierren har wurk dien hat. Foaroan lofts sit Piet Keizer, dy de lotterij docht fanôf ein 2009.  Der neist sit Johan Sikkema, dy fanôf 2007 de wedstryd ferslagen en foto’s makke hat. Yn 2010 hat hy de webside kaatsen55plus.nl opset.
Efteroan lofts sit Minne Soepboer, dy yn 2004 en 2005 ponghâlder west hat. Yn 2006 oan’t en mei 2009 dy hy de lotterij en dernei hat hy hiel faak Piet Keizer en Foppe de Vries ferfongen. Dan yn de midden foarsitter Piet Bosgraaf, dy dat no noch hieltyd nei 20 jier is. Hulde foar dizze man. Rjochts sit Foppe de Vries, dy fanôf 2004 de wedstrydlieding docht en fanôf 2005 ek ponghâlder.
Minne Soepboer en Johan Sikkema sette d’r op it ein fan dit jier in punt efter.

Kommissie552010dec22kl

Nei de priisútrikking binne de keatsers, froulju en fierdere genoadigden ferwend troch prachtige musyk.
Jo sjogge f.l.n.r.: Johan Bekema en Jan Houwer út Boalsert (de Fryske Shadows), Evert Heeg út Easterlittens en Wiebe van Dijk út Harns, dy faak efkes syn sjongtalint heare litten hat.
Dizze mannen kinne dus net allinnich goed keatse, mar ek prachtige musyk en sang heare litte.

17dec JohanB JanH EvertH Wiebe vDijk

De jûns nei achten kaam it optreden fan Teake van der Meer (lofts) en oan de oare kant Griet Wiersma.
Se wienen 50 jier troud en belibben van alles.
Jo skuorden jo de bûsen út fan it leitsjen en dat barde ek by de stikjes, dy Teake allinnich nei foaren brocht.
Dit is noch ôfwiksele mei it prachtige sjongen fan Gryt.

17dec Teake vdM GrietWiersma

De Kommisje 55+ en alle keatsers en feestgangers kinne werom sjen op in tige slagge en geweldige dei.

Foto’s en skriuwerij: Johan Sikkema út Emmeloord, dy op it ein fan 2014 ophâldt, mar wol keatsen bliuwt.