De priiswinners mei de krâns, flnr.: Siebe van der Zee, Sjoerd Nicolai, Jan de Jong en Johan van der Veen.

By de 55+ wienen wer mear as 100  man.

D’r wienen 102 keatsers nei de Trije yn Frjentsjer takommen en de helte (54) koe om 10.00 oere begjinne. De lêste slach foel om 16.15 oere by de partoeren 85 en  86.  Op de stân 5-3 (6-2) brocht Henk Noordbruis fan partoer 85 de bal 2x foaryn by Jetze Nagel en dy sloeg 2x boppe. Dan bringe jo de bal net wer foaryn en dat die Henk ek net, mar Jan Brandsma koe in keats lizze fan sa’n 12 meter. Dernei mocht Ale Mosselman as ynfaller by partoer 86 opslaan by de stân 5-3 (6-6) en hy brocht de bal efteryn by Jan Feenstra. Dy koe de keats foarby slaan, sadat partoer 85 wûn.

Foar it klassemint wûn Bert de Jong 2x en hat no op it earste plak selsskip krigen fan Hilbrand Schuurmans, dy 3x wûn. Sy hawwe beide no 41 punten. Op it tredde plak stiet Oeds Broersma mei 38 punten. It bliuwt tige spannend mei noch 2x te gean.

Om 16.35 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hawwe. Sels 2 man fan de Kommisje hienen in priis (Piet en Minne)! Oer 14 dagen, op 4 desimber,  geane de 55plussers op ‘e nei  nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1. Johan van der Veen, Oentsjerk. 2. Jan Feenstra, Winsum. 3. Ieme de Haan, Makkum. 4. Minne Soepboer, Surhústerfean.
B
klasse: 1. Siebe van der Zee, Lelystêd. 2. Auke Althof, Doanjum. 3. Harry Oudendag, Hommerts. 4.  Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 5. Hilbrand Schuurmans, Boalsert. 6. Jelle de Haan, St. Anne. 7. Durk Wiersma, Marsum. 8. Anne Dijkstra, Ljouwert.

C-klasse: 1. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum. 2. Anne Monsma, Marsum. 3. Jan de Ridder, ??????????. 4. Piet Bosgraaf, Drachten.
D-klasse: 1. Jan de Jong, Dronryp. 2. Sipke Wiersma, St. Jabik.