De priiswinners mei de krâns, flnr.: Koop Scholten, Hendrik Weiland, Wopke Wiersma en Sikke Koster.

Twa Dokkumers yn de krâns by de 55+.

Ofrûne woansdei 23 novimber wienen 108 keatsers nei Frjentsjer taset en om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers. De lêste partij moast men mei earsten gelyk begjinne. D’r dienen mar 2 Dokkumers mei en sy wûnen allebeide in krâns. Al dy Harnsers, Frjentsjerters, Snitsers en Ljouwerters koenen dêr mar nei sjen.

Foar it klassemint hat Sjouke Herrema út Hoorn no twa kear wûn en is dêrmei ûnberikber op it earste plak kommen mei 46 punten. Twadde is no Jan Veenstra út Apeldoorn mei 38 punten en mei noch 2 wedstryden te gean kin hy Sjouke net mear ynhelje. Op it 3e en 4e plak steane Jan Hoekstra fan Gytsjerk (19x meidien) en Johan van der Veen fan Oentsjerk (21x) mei 37 punten.

De partoeren 107 en 108 wienen dien om 16.30 oere. Harke Anema út Wytmarsum die foar it earst mei en moat noch wat oefenje, want it lêste earst mocht hy opslaan by de stân 4-5 (0-0). Twa ballen wienen yn en fjouwer bûten it perk, sadat partoer 108 wûn.

Om 16.45 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen op 7 desimber geane de 55plussers wer fierder yn de Trije yn Frjentsjer mei it winterprogramma.

A-klasse : 1e. Sikke Koster, Dokkum. 2e. Evert Heeg, Easterlittens. 3e. Jurjen Tiesnitsch, Westhoek. 4e. Andries Idzerda, Goutum.

B-klasse: 1e. Wopke Wiersma, Dokkum. 2e. Andries Gillebaard,  It Hearrenfean. 3e. Jan Boorsma, Menaam. 4e. Leendert Terpstra, Frjentsjer. 5e. Oeltsje Velstra, Idaard.

C-klasse: 1e. Koop Scholten, Drachten. 2e. Wiep Hasz, Dronryp. 3e. Hans Homminga, De Jouwer. 4e. Lou Herrema, Slappeterp.

D-klasse: 1e. Hendrik Weiland, Koarnjum. 2e. Heinz Palsma, Seisbierrum. 3e. Ype de Vries, Oentsjerk.