De priiswinners mei de krâns, flnr.: Hillebrand Schuurmans, Luutzen Steegstra, Theo Smit en Jan Brandsma.

De 55+ hie wer folle bak yn De Trije yn Frjenstjer.

Ofrûne woansdei 24 novimber wienen der 120 keatsers nei Frjenstjer ta set foar de fjirde wedstryd dit winterskoft yn de Trije. De wedstrydlieder en ponghâlder, Foppe de Vries, hie it mar drok mei al dy keatsers, jild barre en ek nog alle útslaggen ferwurkje. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 fan de list    en de tredde party moast men mei earsten gelyk begjinne. De partoeren 111 en 112 wienen dien om 16.30 oere. Jolly Dooper fan partoer 112 moast opslaan mei in lytse keats op de stân 3-5 (6-6) en brocht de bal efteryn by Jopie Langhout, mar dy koe de keats net foarby slaan, sadat partoer 112 wûn.

Piet Bosgraaf rikte om 16.50 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken, op woansdei (8 desimber) geane de 55plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjenstjer. Dan kinne sy harren ek opjaan foar de stamppot op de ôfslutende keatspartij dit jier op 22 desimber. It blomskikken foar de frjoulju giet fanwegen de hege kosten oer.

A-klasse : 1e. Luutzen Steegstra, Blije. 2e. Bertus de Jong, Ljouwert. 3e. Jan van der Linden, Amsterdam. 4e. Evert Heeg, Easterlittens.

B-klasse: 1e. Jan Brandsma, Grijpskerk. 2e. Gerrit Otter, Ljouwert. 3e. Piet Keizer, Sint Anne. 4e. Wiepe Hasz, Dronryp.

C-klasse : 1e. Hilbrand Schuurmans, Boalsert. 2e. Albert Dijkstra, Harns. 3e. Anne Baarda, Menaam. 4e. Roel Zijlstra, Menaam.

D-klasse: 1e. Theo Smit, Frjenstjer. 2e. Henk Steensma, Snits.