De priiswinners mei de krâns, flnr.: Siete Wassenaar, Henk Steensma, Joop Wortman en Freek Kuipers.

De 55+ keatste wer mei in soad nocht yn de Trije.

Op 24 oktober 2012 wienen 96 keatsers nei Frjentsjer ta setten en om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de list. Piet Keizer en Minne Soepboer hienen wer de wedstrydlieding. Willem van der Meulen wie d’r ek wer, mar koe noch net meikeatse fanwegen lêst fan de knibbel. Nije woansdei wurdt hy 88 jier! Om 16.30 oere foel de lêste slach by de partoeren 95 en 96. Op de stân 5-1 (6-6) moast Hillebrand Schuurmans fan partoer 95 opslaan mei in keats fan sa’n 20 meter en hy brocht de bal efterryn by Jan de Ridder.  Dy sloeg goed út, mar de keats wie te dik, sadat Hillebrand de bal keare koe.

Sjirk Overal wûn wer twa kear en is fierder útrûn yn it Klassemint, no hat hy 44 punten. Sjoerd Nicolai wûn 1x  en Auke Kuiken wûn 2x. Sy steane no op it twadde plak mei 38 punten (út 20 wedstryden). Piet Bosgraaf rikte om 16.55 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 14 dagen geane de 55plussers op woansdei 7 november 2012 opnij nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 2e. Monte Hallema, Frjentsjer. 3e. Evert Heeg, Easterlittens. 4e. Bert de Jong, Ljouwert. 5e. Oeds Broersma, Wytmarsum (20-17).
B-klasse:
1e. Freek Kuipers, Drachten. 2e. Henk Noordbruis, Marsum. 3e. Gooitzen Roorda, Froubuorren. 4e. Anne Dijkstra, Ljouwert.
C-klasse:
1e. Joop Wortman, De Jouwer. 2e. Henk de Vries, Drylts. 3e. Rein Seerden, Snits. 4e. Lieuwe Meijer, Minnertsgea.
D-klasse:  1e. Henk Steensma, Snits. 2e. Jan Wagenaar, Winsum.