Op de foto f.l.n.r.: Sjouke Herrema, Hilbrand Schuurmans, Roel Zijlstra en Bert de Jong.

Mear dan 100 man by de 55+ yn de Trije.

D’r wienen no 102 keatsers nei Frjentsjer takommen en Willem van der Meulen die ek mei. Hy wurdt sneon 90 jier! Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de list. Piet Keizer hie no lotte mei in D-klasse d’rby mei 4 partoeren. Yn de A-klasse sieten 10, yn de B 12 en yn de C 8 partoeren.

De lêste slach foel om 16.12 oere by de partoeren 101 en 102, nei de stân fan 2-5 (2-4). Jan Brandsma moast opslaan en hie se d’r goed yn (dat kinne jo net altyd fan him sizze), mar krige 2 boppeslagen om de earen fan efterynse Frans Postmus. Sjirk Overal is wer fierder útrûn yn it klassemint en is mei noch 4 wedstryden te gean hast net mear yn te heljen. Hy wûn 2x en is op 48 punten kommen. Syn neiste konkurrent is no Jan Feenstra mei 44 punten.

Piet Bosgraaf hie in moaie fakânsje hawn en koe no de fleisprizen wer útrikke oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer 2 wike, op 12 november, geane de 55-plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse: 1. Bertus de Jong, Ljouwert. 2. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3. Ynze Stienstra, Baaium. 4. Reinder Koops, Emmen.
B-klasse: 1. Hilbrand Schuurmans, Boalsert. 2.  Jan Boorsma, Menaam. 3. Johan Sikkema, Emmeloord. 4. Bart Leemburg, Wolvegea. 5. Jan de Ridder, Tolbert (20-13).
C-klasse:
1. Sjouke Herrema, Hoorn. 2. Piet Zijlstra, Frjentsjer. 3. Marten Bergsma, Reduzum (20-14).
D-klasse: 1. Roel Zijlstra, Menaam (19-11).