Op de foto de priiswinners mei de krans, f.l.n.r.: Jan Veenstra, Wim Jousma, Jan Hoekstra en Martinus van der Meer.

Sinterklaas liet de 55plussers keatse yn Frjentsjer.

Woansdei 5 desimber wienen der wer goed hûndert man ôfset nei Frentsjer foar de ien nei lêste keatsdei fan dit jier. Ek dizze kear waard der fûl striden, want we wurde wol âlder, mar de striid bliuwt. Minne Soepboer hie de gong der aardich yn, dat tsjin trijen koe der him ôfjaan om te Sinterklaazjen. Piet Keizer koe him der fierder wol mei rêde. Ek de keatsers wurken goed mei – ek sin oan sûkelademolke – sadat om goed fjouwer oere de lêste slach foel. By de stân 5 – 5 en 6 – 6 sloech de oars sa betûfte opslagger Jan Sijtsinga bûten. Siete Wassenaar miste hjoed. By it keatsen jout hy net folle wei, mar middeis moast hy wol foar Sinterklaas spylje yn Minnertsgea.

Lyk as foarige kear wie der yn de D-klasse net ien mei trije winstpartijen. De krâns gie no nei Jan Hoekstra mei 18 earsten foar en 13 tsjin. Yn de B-klasse wie it tige spannend. Trije man hienen acht earsten tsjin, sadat de tsjinpunten yn it lêste earst fan de trije partijen de trochslach jaan moasten. Ferskate kommisjeleden hienen Sinterklaasferplichtingen. Piet Keizer stie der alinnich foar om de prizen út te rikken, mar koe him der wol mei rêde. In kwinkslach foar de iene, in lytse snuter foar de oare, krekt sa’t Piet is. Moai dat Geert Hoekstra dit ferslach en de foto’s meitsje woe, omdat ek Johan Sikkema efter Sinterklaas oan moast by de pakesizzers. Hjirûnder alle priiswinners.

De kompetysje. Sjirk Overal wûn mar 1x en kaam op 48 punten. Sjoerd Nicolai kaam mei 2x winst tichterby op 45 punten. Dan binne Auke Kuiken en Johan Sikkema de efterfolgers mei 42 punten. De lêste partij op 19 desimber moat dus de beslissing bringe.

A-klasse: 1. Jan Veenstra, Apeldoorn. 2. Jan Buitinga, Sint Nyk. 3. Durk van der Schaaf, Stiens.

B-klasse: 1. Willem Jousma, Tytsjerk. 2. Jaap van der Veen, Sint Anne. 3. Johannes Oudendag, Arum. 4. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. 5. Klaas Postma, It Hearrenfean.

C-klasse: 1. Martinus van der Meer, Wytmarsum. 2. Jan de Ridder, Stynsgea. 3. Pieter Bergsma, Gytsjerk.

D-klasse: 1. Jan Hoekstra, Gytsjerk. (18 -13). 2. Jan de Jong, Dronryp (18-14).