De priiswinners mei de krâns, flnr.: Wieger Boonstra, Johannes Algra (86!), Jolly Dooper en Jan Veenstra.

Johannes Algra (86 jier) ek yn de krâns by de 55+ yn Frjentsjer.

Om 10.00 oere koe it yn de Trije oangean mei de earste 54 keatsers fan de 90 op de list en dat binne wat minder as sy went binne, mar dat kin fansels ek omdat d’r prachtich reedriden wurde koe. Us Kommisjelid Piet Keizer moast ferstek gean litte, want hy hie moandei nei syn wurk in hartinfarct hawn en is yn it Sykehûs (MCL) bedarre. Hy wachtet no op in operaasje foar omliedingen by it hert. In soad sterkte en hopelik kin hy gou wer meikeatse.

De partoeren 87 en 88 wienen dien om 15.40 oere. Op de stân 3-5 (2-6) moast Evert Heeg fan partoer 87 opslaan mei in keats fan sa’n 20 meter en brocht de bal efteryn by Kees Sikkema. Dy sloeg de bal hiel tûk sa’n 5 meter de keats foarby oer de sydline.

Om 16.20 oere rikte Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. D’r wie no net ien keatser, dy twa kear wûn en yn de earste twa partijen ien kear ferlear mei 5-5 (6-6), sadat dy ek in priis krije koe.

Nije wike al wer op 15 febrewaris 2012 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1e. Jan Veenstra, Apeldoorn. 2e. Andries Idzerda, Goutum.

B-klasse: 1e. Wieger Boonstra, It Hearrenfean. 2e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3e. Wopke Wiersma, Dokkum.

C-klasse: 1e. Jolly Dooper, Oentsjerk. 2e. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum.

D-klasse: 1e. Johannes Algra, Frjentsjer. 2e. Jan Wagenaar, Winsum.