De priiswinners mei de krâns, f.l.n.r.: Jan Boorsma, Martinus van der Meer en Johan van der Veen.

De 55+ begong 2014 mei in minút stilte foar Wim Bosklopper.

Foarsitter Piet Bosgraaf stie al yn tiids by de doar om eltsenien in hân te jaan mei de bêste winsken foar 2014. Krekt lyk as op 18 desimber 2013 wienen no op 8 jannewaris wer 114 keatsers nei de Trije yn Frjentsjer takommen. Wim Bosklopper moast nei lang sykwêzen belies jaan op 22 desimber 2013 en no war hy betocht mei in minút stilte en dernei gong it om 10.15 oere oan.  Om 16.30 oere moasten 4 partoeren ophâlde, wylst sy noch net fierder wienen as 4 earsten, mar dat krije jo as d’r safolle partoeren binne en letter begongen wurdt. Om 17.00 oere begong Piet Bosgraaf mei de priisútrikking. Earst ûntfong Bert de Jong as winner fan it klassemint 2013 (op “doelsaldo”) de wikselpriis en in hiel moaie glêzen stander mei syn foto d’ryn. Dernei mochten ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen, twa sekken mei earpels, sipels en woartels yn ûntfangst nimme fan ús stipers Hans Hilarides en Jacobus van der Wal út St. Jabik. Fan sokke manlju út It Bilt sieten d’r fêst Bildtstars yn de sek en dat is net ferkeard fansels. Oer 14 dagen, op 22 jannewaris, geane de 55-plussers op ‘e nij nei de Trije.

A-klasse:1. Johan van der Veen, Oentsjerk. 2. Tjeerd Bouma, Ljouwert. 3. Kees Sikkema, Dronten.
B-klasse: 1. Jan Boorsma, Menaam. 2. Teake Koster, Harns. 3. Oeltsje Velstra, Idaard. 4. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 5. Bert Veldman, Boalsert. 6. Siep Berkepas, Balk.
C-klasse: 1. Martinus van der Meer, Wytmarsum. 2. Cathrinus Helfrich, Grou. 3. Sipke Wiersma, St. Jabik. 4. Rein Seerden, Snits. 5. Albert Dijkstra, Harns. 6. Bouke Jousma, Menaam (20-9). 7. Jan de Ridder, Tjalbert (20-13).