De priiswinners mei de krâns, flnr.: Teade de Vries, Anne Baarda, Jan Bootsma en Henk Noordbruis.

De  55+ keatsers hienen wer in moaie dei.

D’r wienen op 9 april 102 keatsers nei de Trije yn Frjentsjer takommen. Om 10.00 oere koe it wer oangean mei de earste 54 keatsers (18 partoeren) fan de list. De lêste slach foel al om 15.40 oere by de partoeren 101 en 102 by de stân 5-4 (6-4). Op dy stân pleatste Jan Feenstra fan partoer 101 in sitbal en dermei hie hy trije kear wûn. Om 16.15 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 2 wiken, op 23 april, geane de 55-plussers foar de lêste kear dit winterskoft nei de Trije.

A-klasse:1. Henk Noordbruis, Marsum. 2. Ynze Stienstra, Baaium. 3. Oeds Broersma, Wytmarsum. 4. Jan Feenstra, Winsum. 5. Thijs Houtsma, Westhoek (20-14).
B-klasse: 1. Jan Bootsma, Wommels. 2. Dirk Wiersma, Marsum. 3. Jelle Velsma, Tsjummearum. 4. Anne Dijkstra, Ljouwert. 5. Andries Gillebaard, It Hearrenfean (20-13). 6. Jan Boorsma, Menaam (20-14).
C-klasse: 1. Anne Baarda, Menaam. 2. Piet Keizer, St. Anne. 3. Albert Dijkstra, Harns. 4. Bouke Jousma, Menaam.
D-klasse: 1. Teade de Vries, Frjentsjer.  2. Hein Nijdam, Frjentsjer.