De priiswinners mei de krâns, flnr.: Rein Seerden, Harry Oudendag, Jan Veenstra en Anne Monsma.

114 keatsers nei Frjentsjer

Ofrûne woansdei 16 febrewaris wienen der 114 keatsers nei Frjentsjer ta set en om 10.00 oere mochten de earste 54 keatsers fan de list oan de gong yn de Trije. De lêste party moasten se mei earsten gelyk begjinne.

Harry Oudendag is de broer fan en docht pas foar de twadde kear mei by de 55+ en dan al de krâns.  Wy tinke, dat it hûs fan Anne Monsma te lyts is foar al dy krânsen, want hy hie ek al in krâns op 27 oktober, 8 desimber en 5 jannewaris en Jan Veenstra komt net foar neat út Apeldoorn nei Fryslân, want sneon hie hy yn Ferwert de krâns ek al.

De partoeren 111 en 112 wienen dien om 16.30 oere. Op de stân 4-5 (4-6) wie Bert de Jong fan partoer 112 oan de opslach en brocht syn bekende hege bal efteryn by Klaas Postma. Dy sloeg de bal bêst út, mar Oeds de Roos kaam hurd fan de boppe ôf rinnen en koe de bal nei de stuit fier oer de perkline hinne werom slaan. Dermei hie Oeds trije kear wûn.

De ferbouwing fan de Trije wie sa fier klear, dat Piet Bosgraaf om 16.50 oere de fleisprizen útrikke koe yn de nije kantine oan de keatsers, dy trije kear wûn hienen. It sjocht der moai út en fanút de kantine kinne jo moai nei bûten sjen oer it fuotbalfjild en yn de fierte in blik op de tsjerke en âld stedhûs, mar net mear yn de keatshal sjen. Jo kinne net alles hawwe fansels. Jammer is it wol, dat men yn de tredde hal net mear de efterlinen werom brocht hat op de nije doarren by perk 8 en 9 en fan de ferantwurdelike man by de Gemeente krije jo gjin antwurd, ek de behearder fan de sporthal net. Oer twa wike, op woansdei 2 maart geane de 55plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1e. Jan Veenstra, Apeldoorn. 2e. Piet Zijlstra, Menaam. 3e. Oeds de Roos, Menaam. 4e. Jan Feenstra, Winsum.

B-klasse: 1e. Anne Monsma, Marsum. 2e. Siep Berkenpas, Balk. 3e. Jelle Velsma, Tsjummearum. 4e. Jan Bootsma, Wommels. 5e. Siebe van der Zee, Lelystad (mei burd).

C-klasse : 1e. Harry Oudendag, De Hommerts. 2e. Gerard Voogd, Mullum. 3e. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum. 4e. Pieter Bouma, De Jouwer. 5e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 6e. Lou Herrema,  Slappeterp.

D-klasse: 1e. Rein Seerden, Snits. 2e. Hein Nijdam, Frjentsjer. 3e. Albert Dijkstra, Harns. 4e. Teade de Vries, Frjentsjer. 5e. Theo Smit, Frjentsjer.