De priiswinners mei de krâns, flnr.: Johannes Oudendag, Jan Hoekstra, Siep Berkenpas (sûnder krâns), Piet Stellingwerf en Evert Heeg.

Evert Heeg nog altiten goed op dreef by de 55+.

Ofrûne woansdei 19 jannewaris wienen der 108 keatsers nei Frjentsjer ta set foar de twadde kear dit jier yn de Trije. Neidat hja  €  7,- oan Foppe de Vries betelle hienen, mochten de earste 54 keatsers fan de list om 10.00 oere oan de gong. De lêste party moasten se mei earsten gelyk begjinne.

De partoeren 101 en 102 wienen dien om 16.15 oere. Op de stân 5-5 (0-0) wie Tsjeard Harkema fan partoer 101 oan de opslach. Hy hie twa bûten, ien zitbal, de manlju fan partoer 102 sloegen in keats fan sa’n 18 meter en der gong ien boppe, sadat op de stân 2-6 wiksele war. Jelle Velsma fan partoer 102 brocht de bal foaryn by Andries Gillebaard en dy sloeg de bal yn ‘e bek by Jan Beimers, sadat dy de bal keare koe en partoer 102 wûn. Dermei hie Koop Scholten trije kear wûn.

Yn de B-klasse einigen Siep Berkenpas en Piet Stellingwerf gelyk op it earste plak. Siep Berkepas hâldt syn krâns noch te goede.

Piet Bosgraaf makke om 16.40 oere de prizen bekend en hong de krânsen om, dy beskikber stelt wienen troch Siep Berkenpas fan Balk. Dernei koenen alle keatsers, dy trije kear wûn hienen, nei ûnder ta om de sekken mei ierappels, sipels en woartels yn ûntfangst te nimmen, beskikber stelt troch ús bouboer Hans Hilarides fan Sint Jabik.

Oer fjouwer wike (!), op woansdei (16 febrewaris) geane de 55plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse :1e. Evert Heeg, Easterlittens (sawat 74 en net stikken te krijen).

B-klasse: 1e. Siep Berkenpas, Balk en Piet Stellingwerf, Harns. 3e. Koop Scholten, De Wylgen.

C-klasse :1e. Johannes Oudendag, Arum. 2e. Marten Bergsma, Reduzum. 3e. Hans Homminga, De Jouwer.

D-klasse: 1e. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 2e. Andries Engbrenghof, Frjentsjer. 3e. Henk Postma, Marsum. 4e. Henk Bootsma, De Knipe.