De priiswinners mei de krâns, flnr.: Sjouke Herrema, Anne Dijkstra, Bert de Jong en Jan de Ridder.

De 55+  hie op 28 maart wer in moaie keatsdei yn Frjentsjer.

Bûten wie it bjusterbaarlik moai waar,  mar de 55-plussers hienen de Trije ofhiert en om 10.00 oere koe it oangean oangean mei de earste 54 keatsers fan de 96 op de list. Jo kinne eins ek net oars ferwachtsje, dat men yn maart binnen keatst.

De partoeren 91 en 92 wienen dien om 16.15 oere. Op de stân 5-5 (4-2) moast Wiebe Visser fan partoer 91 opslaan. Hy hie in bal oer it perk hinne (kwea) en in bûtenslach. Dernei sloech foarynse Jan Veenstra de bal kwea út en waard it 5-5 (6-6). Dernei kaam de bal tuskenyn en Andries Idserda koe de bal ûnderhâns mei gang útslaan, sadat de bal nei de stuit Wiebe Visser oer de hân en oer de boppe gong. Andries behelle hjirmei de twadde priis.

Om 16.35 rikte Piet Bosgraaf de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken op 11 april 2012 geane de 55plussers foar it lêst dit winterskoft nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1e. Bert de Jong, Ljouwert. 2e. Andries Idserda, Goutum. 3e. Sikke Koster, Dokkum.
B-klasse: 1e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 2e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 3e. Johan Sikkema, Emmeloord (20-13).
C-klasse:
1e. Jan de Ridder, Stynsgea. 2e. Pieter Bouma, De Jouwer. 3e. Jan Bootsma, Wommels (20-8).
D-klasse: 1e. Sjouke Herrema, Hoorn. 2e. Henk Steensma, Snits. 3e. Albert Dijkstra, Gytsjerk. 4e. Lou Herrema, Slappeterp (20-14).