De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jouke de Roos, Henk Steensma, Jan Beimers en Piet Bosgraaf.

De aaisikers hienen der wol by kinnen, want it kwoarum wie moandei al fol.

Ofrûne woansdei 30 maart wienen 96 keatsers nei Frjentsjer ta set en om 10.00 oere mochten de earste 54 keatsers fan de list oan de gong yn de Trije. Jouke de Roos hienen wy al in pear jier net sjoen by de 55+ en dan kinne jo sjen, dat hy it net ferleart hat, want hy wûn no fuort de krâns. En wat tinke jimme fan de krâns fan de foarsitter?  Dan moatte wy ek wol in pear jier werom.

De partoeren 91 en 92 wienen dien om 16.15 oere. Op de stân 4-5 (4-6) moast Pieter Bouma fan partoer 91 opslaan, mei in keats fan 10 meter, mar de bal gong bûten, sadat partoer 92 wûn.

Piet Bosgraaf rikte om 16.40 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wike, op woansdei 13 april geane de 55plussers foar de lêste kear dit winterskoft nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1e. Jouke de Roos, Luttelgeest (NOP). 2e. Hans Hilarides, St. Jabik. 3e. Geert Hoekstra, De Jouwer. 4e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 5e. Siete Wassenaar, Minnertsgea.

B-klasse: 1e. Jan Beimers, Dronryp. 2e. Jouke Punter, Wommels. 3e. Gerrit Winkel, St. Anne. 4e. Anne van der Werf, Snits. 5e. Piet Keizer, St. Anne. 6e. Henk Noordbruis, Marsum. 7e. Harry Oudendag, Hommerts.

C-klasse : 1e. Piet Bosgraaf, Drachten. 2e. Piet Bergsma, Gytsjerk.

D-klasse: 1e. Henk Steensma, Snits. 2e. Sipke Wiersma, St. Jabik.