De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jan Boorsma, Anne Monsma, Siete Wassenaar en Albert Dijkstra.

De 55+  binne yn 2011 wer útein setten.

Ofrûne woansdei 5 jannewaris wienen der 96 keatsers nei Frjentsjer ta set foar de earste kear dit jier yn de Trije. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 fan de list.

De partoeren 95 en 96 wienen dien om 15.45 oere en dat wie moai betiid. Op de stân 3-5 (2-6) moast Roel Zijlstra fan partoer 96 opslaan mei in keats fan 16 meter en brocht de bal efteryn by Henk Bootsma. Dy sloeg de bal goed út, mar Jan Hoekstra koe de bal werom slaan, sadat partoer 96 wûn.

Piet Bosgraaf rikte om 16.10 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen.Oer fjirtjin dagen, op woansdei (19 jannewaris) geane de 55plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 2e. Jurjen Tiesnitch, Westhoek. 3e. Jan van der Linden, Amsterdam. 4e. Evert Heeg, Easterlittens.

B-klasse: 1e. Jan Boorsma, Menaam. 2e. Henk Postma, Frjentsjer. 3e. Johan van der Veen, Gytsjerk.

C-klasse : 1e. Anne Monsma, Marsum. 2e. Rienk Rienks, Bitgummole. 3e. Siep Berkenpas, Balk.

D-klasse: 1e. Albert Dijkstra, Gytsjerk.