Op de foto f.l.n.r.: Marten Bergsma – Reduzum, Harke Anema – Wytmarsum en Henk Porte – Leeuwarden.

De 55+ foar it earst te gast yn it gastfrije Froubuurt (Vrouwenparochie), gelegen in de vroegere Middelzee.

Op 3 july hienen in 7-tal frijwilligers fan Keatsferiening “Klaine Izak” soarge, dat it hiel goed foar mekoar wie yn Froubuorren. De 8 perken op it fjild fan de iisbaan leinen d’r hartstikke moai by en ek yn de kantine koenen jo fan alles krije. De 84 keatsers hoegden oer it waar ek net te kleien, want útsein in pear spatsjes bliuw it droech. De sinne liet him net sjen en dat wie mar better ek, want de temperatuur wie mei sa’n 19 graden heech genôch. Boppedat lei it fjild dêr hartstikke moai yn de lijte. Tusken de partijen en nei ôfrin kamen de manlju en de meikommen supporters yn de kantine ek neat te koart (sop, gehaktballen, útsmiters, frisdrank, bier út de tape esf.)

Om 10.00 oere wie it begongen en om 16.25 oere foel de lêste slach by de partoeren 83 en 84. Op de stân 5-5 (6-2) moast Andries Gillebaard fan partoer 84 opslaan mei in keats fan om en naby 17 meter en hy pleatste de bal efteryn by Joost Schaap. Dy sloech de keats fier foarby en hjirmei helle syn maat  Gerrit Winkel de fiifde priis.  Oeds Broersma en Hilbrand Schuurmans wienen de klassemintslieders mei 22 punten. Oeds ferlear no 3x en Hilbrand is no nei 2x winst de lieder mei 24 punten. Dernei komme 3 efterfolgers mei 22 punten. Om 16.45 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Nije wike (!) op 10 july geane de 55plussers wer nei Sonnenborgh en op 24 july is de 55+ PC yn Balk. Yn Balk is it de 15e kear en is d’r foar eltsenien in priis (!).

A-klasse : 1. Henk Porte, Ljouwert. 2. Bertus de Jong, Ljouwert. 3. Hepke Hiemstra, Grou.
B
klasse: 1. Harke Anema, Wytmarsum. 2. Eeltsje Wiersma, Berltsum. 3. Auke Kuiken, St. Jabik. 4. Gooitzen Roorda, Froubuurt. 5. Gerrit Winkel, St. Anne.
C-klasse: 1. Marten Bergsma, Reduzum. 2. Piet Keizer, St. Anne. 3. Martinus van der Meer, Wytmarsum. 4. Sipke Wiersma, St. Jabik. 5. Jan Hoekstra, Gytsjerk (20-15).

Op de foto fan lofts nei rjochts: Rommert Eenling, Gooitzen Roorda, Rosanne Dijkstra, Ackelyne v.d. Berg, Rients Dijkstra, Klaasje en Jan v.d. Veen

Froubuurt_vrijwilligers

Froubuurt. Overzicht van het kaatsveld op de ijsbaan met op de achtergrond het verenigingsgebouw, waarin o.a. de kleedkamers en de kantine zijn gehuisvest. Niet alleen de kaatsvereniging maakt gebruik van dit gebouw, doch ook voetbalvereniging CVO, dat haar wedstrijden speelt op de achterliggende velden. In de winter heeft uiteraard schaatsvereniging EMM hier een mooie plek.

FroubuurtKaatsveld

Jan van der Veen zit op de bok en doet het toch gemotoriseerd. In Froubuurt ruimt hij na het kaatsen de boel op met de materiaalwagen.

FroubuurtJan_vdVeen