De priiswinners mei de krâns, flnr.: Oeds de Roos, Henk Noordbruis en Henk Bootsma.

De 55+ wie te gast yn Goutum.

D’r wienen op 12 juny 84 keatsers fan de 55+ delkommen yn Goutum en koenen om 10.00 oere begjinne te keatsen yn 2 fjilden mei 8 perken . Foppe de Vries siet op Skylge mei Wietske en Piet Keizer wie mei syn Tetsje op fakânsje yn Tukkerlân. Wat is dan moai, dat Minne Soepboer daliks ree is om de lotterij en de wedstrydlieding op him te nimmen. Dat is in hiele klus en hy hat it bjusterbaarlik goed dien.

De 55-plussers koenen no it prachtige nije materiaal fan Goutum bewonderje, sa as de stielen tillegrafen en de magnetyske proppen. Dit is allegearre te danken oan de ynset fan erelid Wim Bosklopper en beskreaun yn de Wis-in fan maaie 2013. Ek de fjilden leinen d’r goed by en de beide froulju yn de kantine soarchen d’r foar, dat elkenien op tiid syn wiet en droech (natje en droogje) krige. Al mei al kin jo sizze,  dat se it yn Goutum piko bello foar elkoar hienen.

It wie earst wat soel mei in temperatuer fan dik 20 graden, mar al frij fluch gong de sinne fuort en kaam d’r folle mear wyn en sakke de temperatuer mei in pear graden. Hieltiden wienen d’r driigjende wolken, mar útsein in pear spatsjes bleau it droech en omdat it fjild moai yn de lijte fan it doarp leit, koenen jo d’r ek bêst sitte. De lêste slach foel om 16.00 oere by de partoeren 83 en 84. Hjir keatsten de âldste dielnimmers tsjin elkoar, Sipke Wiersma (85) mei Tjeerd de Jong tsjin Willem van der Meulen (88) mei Guus de Vries. De maten fan dizze manlju wienen al earder blesseare útfallen. Op de stân 5-1 (2-6) wie tûke Sipke oan de opslach en hy pleatste 3 sitballen, sadat partoer 83 wûn.
Klassemintslieder Joop Wortman wie d’r hjoed net, sadat Oeds Broersma mei 3x winst  moai ynhelje koe en no ek 20 punten hat. Om 16.15 rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Nije wike  op 19 juny 2013 geane de 55plussers wer nei Sonnenborgh yn Ljouwert.

A-klasse : 1. Oeds de Roos, Menaam. 2. Oeds Broersma, Wytmarsum. 3. Hepke Hiemstra, Grou. 4. Gerrit de Jong, Ysbrechtum.
B-klasse:
1.Henk Noordbruis, Marsum. 2. Rienk de Groot, Ljouwert. 3. Sjirk Overal, Oldebroek. 4. Bert Veldman, Boalsert. 5. Leendert Terpstra, Frjentsjer. 6. Hillebrand Schuurman, Boalsert. 7. Tjeerd Harkema, Spannum.
C-klasse: 1. Henk Bootsma, De Knipe. 2. Ype de Vries, Oentsjerk. 3. Marten Bergsma, Reduzum. 4. Teake Koster, Harns.

Op de foto hjirûnder is Minne Soepboer as wedstrijdlieder hiel skerp yn aksje.

MinneSoepboer2013juni12

De kantine in Goutum. Zonder vrijwilligers kunnen de 55-plussers niet kaatsen.
Op de foto hieronder Baukje Idzerda (links) en Tommie Kooistra. Helaas werd Sietske Feenstra ’s morgens ziek en ging naar huis.

GoutumKantine_vrouwen