De priiswinners mei de krâns, flnr.: Oeds de Roos, Sipke Wiersma en Hepke Hiemstra.

De 55+ net op Sonnenborgh, mar yn Goutum.

Snein wie it fjild op Sonnenborgh d’r net goed foar wei kommen nei de Haadklassepartij. Nei in oantal tillefoantsjes moandeitemoarn wie Goutum fuortdaliks ré om de 55+ te ûntfangen en men koe sizze, dat sy it woansdei tige goed foar mekoar hienen. De 90 keatsers moasten ek noch berjocht hawwe en witte, dat sy om de tsjerke hinne ride moasten om by it fjlid te kommen. Yn 2 fjilden leinen 8 perken en sa koenen om 10.00 oere de earste 48 keatsers los fan de list. Piet Keizer wie werom fan fakânsje en hie lotte mei 30 yn de A, 24 yn de B, 24 yn de C en 12 manlju yn de D-klasse. De earste oeren wie de sinne derby en dernei war it bewolkt en dat wie mar goed ek, want oars hie men lêst fan de sinne yn it perk. Mei in temperatuer fan om en naby 22 graden wie it prachtich keatswaar. Hepke Hiemstra die foar de tredde kear mei en wûn wer de krâns krekt as op 22 Juny. Johan van der Veen krige d’r 2 punten by en is no lieder fan it klassement mei 25 punten, omdat Albert Dijkstra mar ien kear wûn en op 24 punten hingjen bleau. De fierdere konkurrinsje wie d’r net.

De partoeren 83 en 84 wienen klear om 16.05 oere. Op de stân 4-5 (4-6) moast Henk de Vries fan partoer 84 opslaan mei in keats fan sa’n 15 meter en brocht de bal foaryn by Appie Wijnsma. Dy sloech de bal wol folle fierder as de keats, mar kwea út en dermei hie Auke Althof, ek fan partoer 84, trije kear wûn.

Dizze kear hie Wim Bosklopper fan Goutum der foar soarge, dat de 55+ stipe war troch de Friesland Bank-Agri en sadwaande koe Foppe de Vries om 16.40 oere moaie fleispakketen útrikke oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Ek wie d’r in blomboeket en in tút foar de 5 froulju, dy de hiele dei soarge hienen foar iten en drinken yn de kantine. Foppe liet him dêr yn bystien troch in oar kommisjelid en d’r wienen keatsers, dy fûnen, dat hy better tútsje as keatse koe. De manlju fan de kommisje krigen ek noch in fleispakket.

Nije wike, op 27 July, kinne de 55plussers al wer los en no op it keatsfjild fan Cannegieter yn BALK foar de 55+ PC!!!!

A-klasse : 1e. Oeds de Roos, Menaam. 2e. Douwe Broersma, Mullum. 3e. Eddy van de Lei, Ljouwert. 4e. Jan Tuinier, Makkum. 5e. Ynze Stienstra, Baaium.

B-klasse: 1e. Hepke Hiemstra, Grou. 2e. Leendert Terpstra, Frentsjer.

C-klasse: 1e. Sipke Wiersma, Sint Jabik. 2e. Skelte Poelstra, Hijum (8 en 22 juny ek). 3e. Auke Althof, Doanjum.

D-klasse: Tige spannend en sadwaande net ien, dy trije kear wûn hat.