De priiswinners mei de krâns, flnr.: Joost Schaap, Siete Wassenaar, Anne Sybesma en Kees Tijssen.

De 55+ keatste yn Jelsum/Koarnjum.

It wie de 15e Anne Bouma-Kees Smit partij en derom stie d’r foar alle keatsers kofje mei in stik oranjetaart klear mei it getal 15 derop. Hulde! Mar ûnderweis nei Jelsum/Koarnjum fûl d’r noch in protte reinwetter, sadat d’r ek by de organisaazje noch twifel wie as it wol troch gean koe. It fjild wie stront troch wiet, mar lokkich war it letter wat better, mei sa no en dan es in snitter reinwetter en hurde wyn. Foar it keatsen hawwe de manlju in minút stil stien by it ferstjerren fan Jappie Miedema út Stiens, dy op 27 July 2011 yn Balk, ûnder de 55+  partij in hertstilstân krige.

Dernei gong it om 10.15 oere los mei de earste 54 keatsers fan de 102 op de list. Yn 2 fjilden leinen 9 perken en d’r wie in temperatuer fan om en naby 16 graden. Fanwegen it súterige waar moasten hja de lêste partij mei earsten gelyk begjinne. De partoeren 99 en 100 wienen klear om 16.25 oere. Op de stân 4-5 (6-6) moast Jan Veenstra fan partoer 100 opslaan mei in keats fan sa’n 6 meter en brocht de bal tuskenyn, sadat de efterynse Jan Houwer net goed by de bal koe en de keats net helje koe.

Yn it klassemint wikselden Johan van der Veen en Albert Dijkstra (Gytsjerk) fan plak. Albert wûn twa kear en is no earste mei 26 punten út 12 wedstryden en Johan twadde mei 26 punten út 13. Siete Wassenaar wûn trije kear en is no tredde mei 25 punten.

D’r wienen yn Jelsum/Koarnjum hiele goeie stipers, sadat Rinze van der Veen prachtige súvelpakketten útrikke koe oan de priiswinners en ek Willem van der Meulen (86 jier!), de frijwilligers en 55+kommisje krigen in attinsje. Harm en Tineke Hansma draaie al 15 jier de kantine en krigen in súvelpakket. Om 17.10 oere winske Rinze eltsenien wol thús.

Nije wike, op 17 Augustus, geane de 55plussers nei it keatsfjild op Sonnenborgh yn Ljouwert.

A-klasse : 1e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 2e. Oeds de Roos, Menaam. 3e. Douwe Anema, Nes. 4e. Hepke Hiemstra, Grou.

B-klasse: 1e. Joost Schaap, Tirns. 2e. Geert van der Leest, Stiens (foar it earst by de 55+).

C-klasse: 1e. Kees Tijssen, Reduzum. 2e. Jelle Goudberg, Frentsjer.

D-klasse: 1e. Anne Sybesma, Akkrum. 2e. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 3e. Roel Kuipers, Koarnjum.