De priiswinners mei de krâns, flnr.: Meint Steegstra, Heinz Palsma, Jan Boorsma en Jan Veenstra.

De 55+ hie in moaie keatsdei yn Jelsum/Koarnjum.

Foar de 16e Anne Bouma-Kees Smit partij wienen 96 keatsers nei  Jelsum/Koarnjum ta setten. Ferline jier wie it reinich en net sa moai, mar no wie it prachtich moai waar, sadat de meikommen froulju fanút in noflike stoel ek genietsje koenen. Ek nei ôfrin hienen in stikmennich froulju it noch gesellich mei in lyts fleske wyte wyn. Om 10.00 oere gongen de earste 54 keatsers los yn twa fjilden ûnder lieding fan Paulus Ennema en Dirk van der Zee, beide út Ljouwert en fansels hie Foppe de Vries de totale wedstrydlieding. Hja hienen de saak goed yn de klauwen, krekt lyk as de frijwilligers fan Jelsum/Koarnjum. Yn de kantine soargen Harm en Tineke, sa as alle jierren d’r foar, dat eltsenien neat te koart kaam. De partoeren 95 en 96 wienen klear om 16.30 oere. Partoer 96 hie yn it lêste earst op de stân 5-5 foar stien mei (0-6) , mar dochs gong de winst nei partoer 95, want nei in triktrak kaam d’r in keats te lizzen fan mar 10 cm. De opslachbal fan Guus de Vries kaam foaryn by Albert Dijkstra fan Harns en dy hie in makje mei sa’n lytse keats. Foarby dus, sadat Albert en syn maat Koop Scholten trije kear wûn hienen.

Sjirk Overal die goeie saken foar it klassemint. Hy wûn twa kear en kaam op 36 punten. De konkurrinsje liet punten lizze. Op it twadde plak stiet no Sjoerd Nicolai mei 28 punten út 15 wedstryden en tredde is Johan Sikkema mei 28 út 16. D’r wienen yn Jelsum/Koarnjum hiele goeie stipers, sadat Rinze van der Veen om 17.00 oere prachtige súvelpakketten útrikke koe oan de priiswinners en foar de poedels wie d’r in sek jirpels. Nije wike, op 15 Augustus, geane de 55plussers wer nei it keatsfjild op Sonnenborgh yn Ljouwert.

A-klasse : 1e. Jan Veenstra, Apeldoorn. 2e. Joost Schaap, Turns. 3e. Daan Groen, Hallum. 4e. Klaas Postma, It Hearrenfean. 5e. Geert Hoekstra, De Jouwer. 6e. Tjeerd Bouma, Ljouwert. 7e. Age van der Goot, Goaiingea (20-12).
B-klasse: 1e. Jan Boorsma, Menaam. 2e. Henk Porte, Ljouwert. 3e. Gooitzen Roorda, Froubuorren.
C-klasse:
1e. Meint Steegstra, Ferwert. 2e. Jan van der Woud, Goutum. 3e. Theo Smit, Frjentsjer. 4e. Koop Scholten, De Wylgen. 5e. Albert Dijkstra, Harns.
D-klasse:
1e. Heinz Palsma, Seisbierrum. 2e. Johannes van der Wal, Frjenstjer (19-10).