De priiswinners mei de krâns, flnr.: Gerard Voogd, Sjirk Overal en Oeds de Roos.

De 55+ slút it simmerskoft ôf net op Sonnenborgh, mar yn Jelsum/Koarnjum.

Ofrûne snein hienen de Haadklassers harren jierlikse Oldehovepartij keatst op it fjild fan Sonnenborgh en mei troch it wiete waar fan de lêste wiken wie it fjild striemin wurden, sadat de 55+ der net mear keatse koe ôfrûne woansdei. De kommisje 55+ die moandeitemiddei in tillefoantsje nei Jelsum/Koarnjum en dy wienen dadelik ree om de saken der foar mekoar te bringen. It begong om 10.00 oere mei de earste 42 keatsers fan de list mei 66 keatsers. In oantal kaam foar neat op Sonnenborgh, mar nei in tillefoantsje nei Piet Keizer wienen dizze keatsers ek noch op tiid yn Jelsum/Koarnjum. It wie sa’n 21 graden, folop sinne en mar in bytsje wyn, sadat it bjusterbaarlik moai keatswaar wie.

De partoeren 57 en 58 wienen dien om 16.15 oere. Partoer 58, mei Johan van der Veen, Rienk de Groot en Lieuwe Boersma, hat hieltyd foarstien mei (ûnder oaren 4-1 en 5-3), mar partoer 58 mei Ale Mosselman, Johan Sikkema en Henk Vuijk kaam knap werom en op de stân 5-5 (4-4) moast Johan Sikkema opslaan, mei twa keatsen fan 20 en om en naby 30 meter. Lieuwe Boersma stie efteryn en koe de ballen wol goed útslaan, mar net fier genôch, sadat partoer 57 toch noch wûn.

Johan van der Veen, boppe oan yn it jierklassemint, debuteerde fanút de B-klasse hjoed as earste maat yn de A-klasse, mar dat wie gjin sukses, want hy ferlear trije kear.

Piet Bosgraaf koe om 16.30 oere de fleisprizen útrikke oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen.

Oer trije wiken, op woansdei (13 oktober), begjint it winterskoft yn de Trije yn Frjenstjer.

A-klasse : 1e. Oeds de Roos, Menaam.

B-klasse: 1e. Sjirk Overal, Oldenbroek. 2e. Simon Grijpstra, Aalsum. 3e. Lieuwe Meijer, Minnertsgea.

C-klasse : 1e. Gerard Voogd, Mullum. 2e. Marten Bergsma, Reduzum. 3e. Wiep Hasz, Dronryp. 4e. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum. 5e. Henk Steensma, Snits. 6e. Hendrik Weiland, Koarnjum. 7e. Johannes Wierda, Hallum.