Op de foto v.l.n.r.: Andries Gillebaard – Heerenveen, Germ Faber – Sneek en Roel Sybesma – Easterein.

Bjusterbaarlik moaie dei by de  55+  yn Snits.

Krekt lyk as ferline jier wie it prachtich moai waar yn Snits en dat is it dêr op de romte fan sportcentrum Schuttersveld wol sa noflik. No hienen wy op 3 septimber in temperatuer fan om en naby 21 graden en folop sinne. Dan komt d’r ek aardich wat publyk by, foaral froulju. Wat ek ferrekte moai wie, Jan Bleeker, dy o sa siik is, kaam efkes lâns yn de scootmobiel. Jan is al dy jierren, dat de 55+ yn Snits kaam, de grutte organisator west en no koe hy allinnich mar tasjen. D’r stienen 78 keatsers op de list foar de wedstryd by keatsferiening “Sneek” en de 55+frijwillegers fan Snits hienen it goed foar elkoar, sadat it om 10.00 oere oangean koe mei de earste 48 keatsers yn 2 fjilden mei 8 perken. Omdat Piet Keizer yn septimber op fakânsje is, docht Minne Soepboer de lotting en Foppe de Vries hie dizze dei, sa as gebrûklik de wedstrydlieding.

Om 15.45 oere foel de lêste slach by de partoeren 77 en 78 op de stân 5-5 (2-6). Sjouke Herrema fan partoer 78 moast opslaan mei in keats fan sa’n 18 meter en brocht de bal foaryn by Koop Scholten, mar dy koe de bal net foarby de keats krije. Om 16.15 oere rikten Piet Bosgraaf en Rein Seerden earst blommen út fan stiper Ranzijn út Snits oan de froulju fan de Kommisje en oare frijwilligers fan dizze dei. Dernei waarden de slúfkes mei weardebonnen foar boadskippen by Poiesz útrikt oan de keatsers, dy 19 punten of mear hienen út 3 wedstryden. Oare jierren krigen de priiswinners swiere tassen mei boadskippen, mar dy weardebonnen is fansels hiel praktysk, want de organisaasje hoecht net mei tassen te slepen en no kin elts mar sjen wat hy by Poiesz keapje wol. It is ferrekte moai, dat de bêste stiper fan dizze partij, de haadfestiging yn Snits hat. Foar it klassemint helle Auke Kuiken mar 1 punt, mar hy is wol lieder bleaun mei 38 punten. Sjirk Overal is mei 3x winst ek op 38 punten kommen, mar hat dêr 1x faker oer dien.
Nije wike, op 10 Septimber, geane de 55plussers foar de ien nei lêste partij fan it simmerskoft nei it keatsfjild op Sonnenborgh yn Ljouwert.

Hjirûnder stean de manlju, dy trije kear wûn hawwe.
A-klasse : 1. Roel Sybesma, Easterein. 2. Joop Bootsma, Reahûs. 3. Anno Miedema, Stiens (20-12).
B-klasse: 
1. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. 2. Gerrit Otter, Goutum. 3. Sjirk Overal, Oldebroek. 4. Jaap van der Veen, St. Anne.
C-klasse:  1.  Germ Faber, Snits. 2. Durk Monsma, Mantgum. 3. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 4. Geert Hoekstra, De Jouwer. 5. Sjouke Herrema, Hoorn.