De priiswinners mei de krâns, flnr.: Henk Steensma, Jan Brandsma, Anne Baarda en Gooitzen Roorda (Theo Smit wie al fuort).

By de  55+  yn Snits wie Omrop Fryslân ek (HEA!).

Ferline woansdei 5 septimber stiene 84 keatsers op de list foar in wedstryd by keatsferiening “Sneek” op sportcentrum Schuttersveld. Leaft 5 man hienen harren ôfmeld fanwegen sykte en dêr kaam by, dat ek wedstrydlieder Foppe de Vries thús bliuwe moast fanwegen de “Fenna Zeinstra-sykte. De oare Kommisjeleden hawwe it goed oppakt en de wedstryd yn goeie banen lieden. De manlju fan Snits hienen it ek goed foar elkoar. Foarôf war in minuut stilte hôlden by it ferstjerren fan Joop Langhout út Drachten (31/8) en Hendrik van der Schaaf út Bitgummole (2/9). Dernei, om 10.15 oere, gong it oan mei de earste 48 keatsers yn 2 fjilden mei 8 perken. It wie grutendiels bewolkt, mar droech en in temperatuer fan om en naby 17 graden en dan is it dêr op de romte yn Snits mei aardich wat wyn oan de frisse kant. It is net te begripen, dat oan de westkant fan sa’n moai sportpark net wat beplanting oan brocht is. Bysûnder wie, dat Omrop Fryslân sa’n 1½ oere opnames makke hat foar it programma HEA! Utstjoering oankommende sneon 8 septimber nei 18.00 oere.

De partoeren 79 en 80 wienen dien om 16.20 oere. Hjir keatsten Piet Zijlstra en Dik Wiglema tsjin Skelte Poelstra en Anne Baarda. Skelte Poelstra fan partoer 80 moast opslaan op de stân 5-5 (4-4). De earste sloech Dik boppe, mar dernei sloech Dik twa kear mis, sadat partoer 80 wûn en Anne trije kear wûn hie. Piet Bosgraaf koe om 16.45 oere de rykelik fulde tassen mei libbensmiddels útrikke oan de keatsers, dy 18 punten of mear hienen út 3 wedstryden. Jo koenen ek goed sjen, dat Poiesz, de bêste stiper fan dizze partij, de haadfestiging yn Snits hat. Hennie Steensma ûntfong út hannen fan de foarsitter noch in keatserstanbyld (yn it lyts) as bêste keatser fan dizze dei, 21 foar en 7 earsten tsjin. Theo Smit hie itselde resultaat yn klasse D en derom is d’r lotte om de krâns en de deipriis. Foar alle meikommen froulju wienen d’r noch blommen. Hulde foar Snits!
Oer fjirtjin dagen, op 19 Septimber, geane de 55plussers foar de lêste partij fan it simmerskoft nei it keatsfjild op Sonnenborgh yn Ljouwert.

Hjir ûnder stean de manlju, dy trije kear wûn hawwe.
A-klasse : 1e. Jan Brandsma, Gryptsjerk. 2e. Oeds de Roos, Menaam.
B-klasse:
1e. Gooitzen Roorda, Froubuorren. 2e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 3e. Auke Kuiken, St. Jabik. 4e. Bert Velman, Boalsert. 5e. Henk Porte, Ljouwert (20-13).
C-klasse:
1e. Anne Baarda, Menaam. 2e. Piet Zijlstra, Frjentsjer (20-11). 3e. Dik Wiglema (20-12).
D-klasse: 1e. Henk Steensma, Snits en Theo Smit, Frjentsjer.