De priiswinners mei de krâns, flnr.: Oeds de Roos, Gooitzen Roorda, Guus de Vries en Geert van der Plaats.

De  55+  keatste yn Snits mei hurde wyn.

Ferline woansdei 7 septimber wienen 90 keatsers te gast by de keatsferiening “Sneek” op sportpark Schuttersveld. Underweis yn de auto hie men al in protte reinwetter, sadat elts him ôffreege hoe as it komme soe, mar om 9.45 oere wie it al droech en útsein in snitterke om 13.00 oere en in buike om 15.30 oere bliuw it droech. Jo koenen oan it fjild net sjen, dat d’r de ôfrûne dagen safolle wetter follen wie. Bjusterbaarlik, mar wol in ferskrikkelik hurde wyn en dat merke jo dêr op romte yn Snits, sadat d’r in soad ballen bûten gongen. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers yn 2 fjilden mei 8 perken en in temperatuer fan om en naby 14 graden. De manlju fan Snits hienen it goed foar elkoar, mei stipe fan de 55+ kommisje. Minne Soepboer hie lotte en de wedstrydlieding wie sa altyd yn de fertroude hânnen fan Foppe de Vries.

De partoeren 87 en 88 wienen dien om 16.10 oere. Klaas van Dijk fan partoer 87 moast opslaan op de stân 5-5 (0-0). Hy hie 4 ballen bûten en twa ballen koe it perk mei Oege Dijkstra en Freek Kuipers net ferwurkje, sadat partoer 88 wûn.

Piet Bosgraaf koe om 16.35 oere de rykelik fulde tassen mei libbensmiddels útrikke oan de keatsers, dy 18 punten of mear hienen út 3 wedstryden en jo koenen goed sjen, dat Poiesz, de bêste stiper fan dizze partij, de haadfestiging yn Snits hat. Guus de Vries ûntfong út hannen fan de foarsitter noch in keatserstanbyld (yn it lyts) as bêste keatser fan dizze dei, 21 foar en 3 earsten tsjin.

Oer fjirtjin dagen, op 21 Septimber, geane de 55plussers foar de lêste partij fan it simmerskoft nei it keatsfjild op Sonnenborgh yn Ljouwert.

Hjir ûnder stean de manlju, dy trije kear wûn hawwe.

A-klasse : 1e. Oeds de Roos, Menaam. 2e. Catrinus Kooistra, Goaiingea. 3e. Tjeerd Bouma, Ljouwert. 4e. Anno Miedema, Stiens.

B-klasse: 1e. Geert van der Plaats, Boalsert. 2e. Bart Leemburg, Wovegea. 3e. Jelle Goudberg, Frentsjer.

C-klasse: 1e. Gooitzen Roorda, Froubuorren. 2e. Piet Bosgraaf, Drachten.

D-klasse: 1e. Guus de Vries, Ljouwert. 2e. Hendrik Weiland, Koarnjum. 3e. Albert Dijkstra, Gytsjerk. 4e. Sjouke Herrema, Hoorn.