De priiswinners mei de krâns, flnr.: Joop Bootsma, Gerard Voogd en Bert Veldman.

Reinige boel by de 55+ op Sonnenborgh yn Ljouwert.

De manlju wachtsje noch efkes oan’t it wat droeger wurdt.

Op 11 july wienen 90 keatsers nei Ljouwert ta setten. Dus aardich wat mear as de oare kearen en dan is it ferrekte jammer, dat it no sok súterich waar wie. Op twa fjilden leinen 8 perken klear en om 10.00 oere soe it oan gean kinne, mar troch it reinwetter bleaunen de manlju earst mar wat op de tribune sitten. Nei in heal oere sette it dochs útein, want dizze generaasje hat fansels wol foar kâldere fjoeren stien. De earste partijen gong it wol sa no en dan op in draf nei de tribune as it ophôld fan sacht reinen. Yn de middei wie it lokkich wat droeger. Dochs moasten de twadde partij mei spullen gelyk en de tredde partij mei earsten gelyk begjinne om tiid te winnen. Piet Keizer wie werom fan fakânsje en útsein de lotting keatste hy no foar it earst wer mei nei syn omliedingen by it hert. Hopelik mei syn keatserij noch lang troch gean. De partoeren 77 en 78 wienen dien om 16.00 oere en dat is 20 minuten earder as op 4 july. Op de stân 4-5 (2-6) moast Arjen Smidts fan partoer 77 opslaan en dy sloech de bal foar.

Sjirk Overal, lieder fan it Klassemint, die goeie saken, want hy wûn trije kear en de konkurrinsje liet punten lizze, sadat hy op 32 punten kaam. Trije efterfolgers hawwe no 25 punten.

Om 16.30 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken, op 25 july 2012, geane de 55plussers nei Balk foar harren 55+ PC.

A-klasse : 1e. Joop Bootsma, Reahûs. 2e. Joost Schaap, Turns. 3e. Hepke Hiemstra, Grou. 4e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum. 5e. Ynze Stienstra, Baaium (20-13).
B-klasse: 1e. Bert Veldman, Boalsert. 2e. Bart Leemburg, Wolvegea. 3e. Tsjeard Harkema, Spannum. 4e. Sjirk Overal, Oldebroek. 5e. Henk Porte, Ljouwert.
C-klasse:
1e. Gerard Voogd, Harns. 2e. Guus de Vries, Ljouwert. 3e. Sjouke Herrema, Hoorn.