De priiswinners mei de krâns, flnr.: Hans Hilarides, Marten Bergsma en Anne Kramer.

Simmerskoft en dochs ferklommerij by de  55+.

It wie op 16 maaie wer de earste kear foar de 55+ fan dit simmerskoft op Sonnenborgh yn Ljouwert en nettsjinsteande de hurde noardwestenwyn en in temperatuer fan om en naby de 10 graden wienen d’r 72 keatsers del kommen. In oantal frijwilligers fan LKC hienen it goed fersoarge mei 8 perken yn 2 fjilden, sadat om 10.00 oere de earste 48 keatsers fan de list begjinne koenen.

De partoeren 65 en 66 wienen dien om 15.15 oere. Ype de Vries wie útfallen by partoer 65, sadat Anne Baarda en Willem van der Meulen (87) it de lêste partij opnimme moasten tsjin Sjoerd Nicolai, Theo Smit en Joeke Jongsma. Op de stân 5-5 (6-2) hie Anne de lêste opslach en hy brocht de bal tuskenyn. Sjoerd stie foaryn en besocht de bal te slaan, mar dy gong him oer de fingertoppen.

Yn it klassemint steane no Anne Baarda, Wim Jousma en Sjirk Overal boppe oan mei 19 punten nei 9x dit jier. Om 15.40 rikte Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken op 30 maaie 2012 geane de 55plussers op ‘e nij nei it fjild fan Sonnenborgh.

A-klasse : 1e. Hans Hilarides, St.Jabik. 2e. Hepke Hiemstra, Grou. 3e. Jan Veenstra, Apeldoorn (20-13).
B-klasse: 1e. Anne Kramer, Snits. 2e. Wim Jousma, Tytsjerk. 3e. Germ Hallema, Jorwert. 4e. Henk Porte, Ljouwert.
C-klasse: 1e. Marten Bergsma, Reduzum. 2e. Teade de Vries, Frjentsjer.