De priiswinners mei de krâns, flnr.: Sjouke Herrema, Luutzen Steegstra, Douwe Broersma en Willem van der Meulen (86 jier!).

De 55+ keatste no wer op Sonnenborgh.

D’r wienen 90 keatsers nei Ljouwert taset en om 10.00 oere gong it oan mei de earste 60 keatsers. Yn 2 fjilden leinen 10 perken en it wie sinnig waar mei in temperatuer fan om en naby 21 graden. Einlings hienen wy wer is hartstikke lekker keatswaar. De partoeren 77 tsjin 78 en 87 tsjin 88 wienen tagelyk klear om 15.30 oere. Freek Kuipers, opslager fan partoer 77 en Appie Wijnsma fan partoer 87 begonnen tagelyk mei de oanloop, mei keatsen fan respektivelik 32 en 15 meter. Freek hie in pripper krekt efter de foarline (wie dat de bedoeling?) en dermei wûn syn partoer mei 5-5 (6-4). Appie Wijnsma brocht de bal foaryn by Skelte Poelstra en dy sloeg de keats foarby, sadat partoer 88 wûn mei 4-5 (0-6).

Yn it klassemint wûnen Albert Dijkstra (Gytsjerk) en Johan van der Veen mar ien kear en bleaunen op plak 1 en 2 mei 27 punten. Albert hie dêr 13 kear foar nedich en Johan 14. D’r binne no trije mei 26 punten út 13 wedstryden en steane op de plak 3, 4 en 5.

Om 15.55 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen, op 31 Augustus, geane de 55plussers wer nei it keatsfjild op Sonnenborgh yn Ljouwert.

A-klasse : 1e. Douwe Broersma, Mullum. 2e. Eddy van der Lei, Ljouwert.

B-klasse: 1e. Luutzen Steegstra, Blije. 2e. Oeltsje Velstra, Idaard. 3e. Hendrik van der Schaaf, Bitgummole. 4e. Henk Porte.

C-klasse: 1e. Sjouke Herrema, Hoorn. 2e. Piet Bergsma, Gytsjerk.

D-klasse: 1e. Willem van der Meulen, Drachten. 2e. Anne Sybesma, Akkrum.