De priiswinners mei de krâns, flnr.: Siebe van der Zee, Reinder Koops en Oeds Broersma.

Moaie ôfsluting fan de 55+ op Sonnenborgh.

Op 18 septimber foar de lêste kear dit jier op it fjild. D’r wienen 84 keatsers fan de 55+ delkommen yn Ljouwert en sy koenen om 10.00 oere begjinne te keatsen yn 2 fjilden mei 8 perken. It waar foel ta, want it wie licht bewolkt en útsein in snitter rein om 14.30 oere bliuw it droech. De temperatuer fan sa’n 16 graden koe d’r ek mei troch.
De lêste slach foel om 16.30 oere by de partoeren 81 (Tom Twerda en Sipke Wiersma) tsjin  82 (Koop Scholten, Guus de Vries en Jan de Jong) en dat wie hiel spannend. Sy keatsten dus 2 tsjin 3, want Pieter Bergsma wie d’r net. Op de stân 5-5 (4-4) moast Tom opslaan mei twa keatsen fan 18 en 4 meter. De earste keats koe it partoer 82 net foarby slaan. De oare bal kaam efteryn by Koop en dy sloech mis, sadat Tom en Sipke de partij woenen en Sipke in pakket fleis meinimme koe nei St. Jabik.

Klassemintslieder Hillebrand Schuurmans wûn 2x en is op 36 punten kaam. Oeds Broersma en Wim Jousma winne 3x en stean no op it twadde plak mei 33 punten.
Om 16.50 oere rikte Piet Bosgraaf earst doazen mei fleis út oan de frijwilligers fan Sonnenborgh (fjildlizzers en kantinepersoniel) en dernei de fleisprizen oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen.
Op 9 oktober 2013, oer trije wiken dus,  begjinne de 55plussers mei it winterskoft yn de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1. Oeds Broersma, Wytmarsum. 2. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3. Ale Mosselman, Goutum.
B
klasse: 1. Reinder Koops, Emmen. 2. Gooitzen Roorda, Frouboarren. 3. Wim Jousma, Tytsjerk. 4. Anne Kramer, Snits. 5. Johan Sikkema, Emmeloord. 6. Henk Noordbruis, Marsum (20-14).

C-klasse: 1. Siebe van der Zee, Lelystêd. 2. Lieuwe Meyer, Minnertsgea. 3. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 4. Piet Bosgraaf, Drachten. 5. Sipke Wiersma, St. Jabik (20-15).