De priiswiners mei de krâns, f.l.n.r.: Pieter Bergsma, Gerrit de Jong en Klaas Postma.

De 55+ hie earst moai keatswaar.

D’r wienen op 30 maaie wer 72 keatsers nei Sonnenborgh yn Ljouwert taset en dêr leinen 8 perken yn twa fjilden foar harren klear. It wie swier bewolkt, net folle wyn mei in temperatuur fan sa’n 15 graden en dat besjutte moai keatswaar. Jammer, dat it om 14.30 oere begon te mieserjen, sadat de lêste partijen yn wat storein ôfwurke wurde moasten. It wie begon om 10.00 oere en om 15.50 foel de lêste slach mei Marten Bergsma fan partoer 68 oan de opslach by de stân fan 2-5 (2-6).  It waar noch 4-6, omdat Sipke Wiersma fan partoer 67 de keats fan 6 meter foarby sloeg, mar dernei pleatste Marten in sitbal.

Foar it klassemint wûn Sjirk Overal trije kear en omdat de konkurrinsje punten lizze liet as d’r net wie is hy no eartse mei 22 punten. Op it twadde plak steane Wim Jousma en sjoerd Nicolai mei 20 punten. Om 16.00 oere rikte Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wike op 13 juny geane de 55plussers nei Goutum te keatsen.

A-klasse: 1e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum. 2e. Andries Idzerda, Goutum. 3e. Ale Mosselman, Goutum.
B-klasse: 1e. Klaas Postma, It Hearrenfean. 2e. Oege Dijkstra, Hijum. 3e. Freek Kuipers, Drachten. 4e. Sjirk Overal, Oldenbroek.
C-klasse: 1e. Pieter Bergsma, Gytsjerk. 2e. Teade de Vries, Frjentsjer. 3e. Theo Smit, Frjentsjer.