De priiswinners mei de krâns, flnr.: Oeds de Roos, Pieter Bouma en Sjirk Overal.

Prachtich moai waar by de 55+ op Sonnenborgh.

Op 4 july wienen 78 keatsers nei Ljouwert ta setten. Op twa fjilden leinen 8 perken en om 10.00 oere sette it útein mei de earste 48 keatsers fan de list. It wie prachtich keatswaar, net folle wyn en yn earsten gjin sinne en in temperatuer fan sa’n 25 graden. Yn it begjin fan de middei kaam de sinne d’rby en war it gleon. Minne Soepboer hie de lotting wer dien, fanwegen de fakânsje fan Piet Keizer.

De partoeren 77 en 78 wienen dien om 16.20 oere en dat is in oere letter as op 20 juny. Op de stân 4-5 (6-6) moast Ype de Vries fan partoer 78 opslaan mei in keats fan 17 meter. Foarynse Hillebrand Schuurmans koe de bal mar 7 meter fuort krije, sadat Ype de Vries ek yn de prizen foel.

Sjirk Overal, lieder fan it Klassemint, wie no de bêste fan de B-klasse en koe trije punten d’rby optelle. Hy hat no 29 punten en de konkurrinsje liet punten lizze. Wim Jousma en Johan Sikkema krigen d’r twa punten by en steane no op it twadde plak mei 24 punten út 13 wedstryden. Yn de A-klasse wienen de broers de Roos de bêsten. Dan is it mar goed, dat sy net tsjin elkoar keatse hoegden.

Om 15.45 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Nije wike al wer (!), op 11 july 2012, geane de 55plussers wer nei it fjild fan Sonnenborgh yn Ljouwert.

A-klasse : 1e. Oeds de Roos, Menaam. 2e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum. 3e. Jouke de Roos, Luttelgeest. 4e. Hepke Hiemstra, Grou (20-11).
B-klasse:
1e. Sjirk Overal, Oldebroek. 2e. Bert Veldman, Boalsert. 3e. Jan Beimers, Dronryp. 4e. Germ Hallema, Jorwert. 5e. Auke Kuiken, St. Jabik (20-9). 6e. Anne Kramer, Snits (20-9). 7e. Oege Dijkstra, Hijum (20-12). 8e. Martinus van der Meer, Wytmarsum (20-14).
C-klasse:
1e. Pieter Bouma, De Jouwer. 2e. Teake Koster, Harns. 3e. Durk Monsma, Mantgum (20-13). 4e. Ype de Vries, Oentsjerk (20-13).