De priiswinners mei de krâns, flnr.: Anne Dijkstra, Bert Veldman en Heinz Palsma.

De 55+ keatste op Sonnenborgh yn Ljouwert.

Ferline woansdei  8 septimber wienen der mar 60 keatsers te gast by de keatsferiening “LKC” op Sonnenborgh yn Ljouwert. It begong om 10.00 oere mei de earste 48 keatsers.

It wie sa’n 16 graden, bewolkt en yn Ljouwert mar in bytsje motrein yn tsjinstelling oan’t oare plakken yn Fryslân, wer in soad reinwetter nei ûnder kaam.

De partoeren 57 en 58 wienen dien om 15.10 oere. Op de stân 5-5 (4-4) moast Albert Dijkstra (G) fan partoer 58 opslaan, mei twa keatsen fan om en naby 10 meter. De foarynse fan partoer 57, Roel Kuipers ramde beide keren de keats foarby en dermei hie Durk Kamstra trije kear wûn yn de C-klasse.

Piet Bosgraaf koe om 15.30 oere de fleisprizen útrikke oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen.

Oer twa wiken, op woansdei (22 septimber), geane de 55-plussers dit simmerskoft foar it lêst keatsen op Sonnenborgh.

A-klasse : 1e. Anne Dijkstra, Ljouwert.

B-klasse: 1e. Bert Veldman, Boalsert.

C-klasse : 1e. Heinz Palsma, Seisbierrum. 2e. Durk Kamstra, Frjenstjer. 3e. Corry Binsma, Apeldoorn.4e. Sjerp Vermeer, Dieren.