By de 55+ gongen 2 krânsen bûten Fryslân.

D’r wienen 66 keatsers nei Ljouwert takommen en om 10.00 oere koe it oangean mei in moaie keatsdei. Op Sonnenborgh leinen 8 perken yn 2 fjilden en it waar foel ek tige ta, want it wie om en naby 18 graden en de buien gongen die dei ûnder Fryslân lâns. Letter op de dei krige Fryslân ek noch har part fan de buien, mar doe wienen de keatsers al thús. Minne Soepboer hie wer lotte en Foppe de Vries die de wedstrydlieding. De webmaster fan de 55+ hie dizze dei hiele goeie maten, sadat hy de krâns meinimme mocht nei Emmeloord.
De lêste slach foel om 15.35 oere by de partoeren 65 en 66, dy tige spannend keatsten. De beslissing foel pas op de stân 5-5 (6-6), doe Anne Sybesma fan partoer 65 in sitbal pleatste, sadat syn maat Marten Bergsma ek in fleispriis yn ûntfangst nimme mocht.

Piet Bosgraaf rikte om 15.55 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Nije wike al wer, op 16 july geane de 55-plussers nei it fjild fan Heerenveense Boys oan de Rottumerweg yn Hearrenfean. Foar it klassemint is Kees Sikkema 1 punt tichterby Jan Feenstra kommen, want Kees wûn 2x en Jan mar 1x. Jan is earste mei 29 punten en Kees is twadde mei 28 punten.

A-klasse: 1. Oeds de Roods, Menaam. 2. Rienk de Groot, Ljouwert.
B-klasse: 1. Johan Sikkema, Emmeloord. 2. Wybe Idema, Gytsjerk. 3. Auke Kuiken, St. Jabik. 4. Jelle Goudberg, Frjentsjer. 5. Peter Siemensma, Boalsert.
C-klasse: 1. Tom Twerda, Putten. 2. Marten Bergsma, Reduzum.

Het adres van Heerenveen op 16 juli 2014: Rottumerweg 1. Op de A32 de afslag Heerenveen-zuid nemen (afrit 11). Dan richting Rottum. Op de rotonde met de Burgemeester Falkenaweg rechtuit. Na 300 meter voor het spoor linksaf is de inrit/parkeerplaats van het sportpark van voetbalvereniging Heerenveense Boys. Als u “googled” op Heerenveense Boys krijgt u een plattegrond.