De priiswinners f.l.n.r.: Rein Seerden, Ynze Steinstra en Germ Hallema.

Skitterend moai waar op Sonnenborgh.

In hiel grut ferskil mei 28 maaie. Doe wie d’r de hiele dei reinwetter en kâld. D’r wienen no 66 keatsers nei Ljouwert takommen en om 10.00 oere koe it oangean mei dizze moaie keatsdei. Kommisjelid Minne Soepboer  hie in bealch fol wurk, want earst moast hy de lotting dwaan, omdat Piet Keizer noch mei de kamper troch Europa reisigt en dizze dei hie hy de wedstrydlieding, omdat Foppe de Vries in pear dagen te fytsen is.
De lêste slach foel om 15.20 oere súver tagelyk by de partoeren 61/62 en 63/64. By de partoeren 61 en 62 wie it 5-5 (6-6) en d’r lei in keats fan 3 meter. Bert Veldman fan partoer 62 pleatste in platte bal op foarynse Siebe van der Zee en die wie de rare bal net de baas, sadat Bert mei syn maten wûn. By de partoeren 63 en 64 moast Wim Jousma fan partoer 63 opslaan op de stân 4-5 (6-6) mei in keats fan 19 meter. Hy brocht de bal efteryn by Auke Kuiken en dy pleatste de bal yn de hoeke, de keats foarby.

Piet Bosgraaf rikte om 15.50 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen.
Nije  wike, op 18 juny geane de 55-plussers op ‘e nei nei it keatsfjild fan Sonnenborgh.
De boppeste twa fan it klassemint wienen d’r hjoed net, mar Kees Sikkema en Albert Dijkstra bleaunen dielt op it earste plak stean mei 24 punten. Konkurrent Jan Feenstra wûn 2x en is harren no op 1 punt nadere.

A-klasse: 1. Ynze Stienstra, Baaium. 2. Anne Brouwer, Wommels. 3. Hans Hilarides, St. Jabik.
B-klasse: 1. Germ Hallema, Jorwert. 2. Douwe Broersma, Mullum.
C-klasse: 1. Rein Seerden, Snits. 2. Meint Steegstra, Ferwert. 3. Jan Hoekstra, Gytsjerk.