De priiswinners mei de krâns, flnr.: Anno Miedema, Reinder Koops en Rein Seerden.

Krasse 55-plussers foar it earst de greide wer yn.

Reinder Koops bruts op 23 oktober 2013 syn heup tidens it sealkeatsen en hie in skoft mist by it keatsen. No die hy dus wer mei en wint fuortdaliks de krâns! Dan kinne jo wol laitsje fansels. Anno Miedema docht hast noait mei en wint ek de krâns. Dan wienen d’r noch 7 keatsers, dy d’r dit jier foar it earst wer wienen. Echte leafhawwers fan it gêrsfjild dus. Krekt lyk as oare jierren binne d’r ek om en naby 30 seal-keatsers, dy jo yn de simmer net sjogge op it fjild by de 55+.
D’r wienen op 14 maaie 84 keatsers nei it fjild op Sonnenborgh yn Ljouwert kommen. Om 10.00 oere koe it wer oangean mei de earste 48 keatsers (16 partoeren) fan de list. Utsein in pear spotsjes wie it droech waar en wie it moai om te keatsen. Allinnich as jo oan de kant sieten moast de sinne d’r wol by om warm te bliuwen by de noardlike wyn. Minne Soepboer docht no wer in skoft de lotterij, omdat Piet Keizer in pear moanne mei de karavaan troch Europa giet. Yn gearwurking mei Foppe de Vries as wedstrydlieder waarden de 42 partijen yn goeie banen leit.

Om 16.00 oere fûl de lêste slach by de partoeren 83 en 84 by de stân 4-5(2-6). D’r wie noch in keats fan om en naby 8 meter en Oeds de Roos fan partoer 83 sloech op. Thijs Houtsma sloech net bêst út, mar Daan Groen koe net fier genôch mear yn de bocht, sadat de bal ûnder him troch rôle, de keats foarby. Om16.15 oere rikte Foppe de Vries de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen.
Oer 2 wiken, op 28 maaie geane de 55-plussers wer nei it fjild op Sonnenborgh yn Ljouwert.
Kees Sikkema is moai earste bleaun  yn it klassemint. Hy wûn 2x en is op 23 punten kommen. De konkurrinsje is net tichterby kommen. Jan Feenstra is no twadde wurden mei 19 punten.

 A-klasse:1. Anno Miedema, Stiens. 2. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 3. Jan Feenstra, Winsum.
B-klasse: 1. Reinder Koops, Emmen. 2. Hillebrand Schuurmans, Boalsert. 3. Harke Anema, Wytmarsum.
C-klasse: 1. Rein Seerden, Snits. 2. Teade de Vries, Frjentsjer. 3. Theo Smit, Frjentsjer.