Op de foto van links naar rechts: Wybe Idema, Gytsjerk dan Rienk de Groot, Leeuwarden en Hilbrand Schuurmans, Bolsward.

De 55+ was mooi op tijd klaar voor Nederland – Australië.

D’r wienen no mar 58 keatsers nei Ljouwert takommen en om 10.00 oere koe it oangean mei wol in moaie keatsdei. It wie bewolkt, in temperatuer fan sa’n 18 graden en droech.  Dus ek neat te klaaien oer it waar. Foppe de Vries wie d’r wer, sadat hy mei Minne Soepboer de saak wer yn goeie banen liede koe.
De lêste slach foel om 15.00 oere by de partoeren 59 en 60. Wim Jousma fan partoer 60 moast opslaan op de stân 2-5 (6-6) mei in keats fan 18 meter. Hy brocht de bal efteryn by Harke Anema en dy koe de keats net foarby slaan.

Piet Bosgraaf rikte om 15.20 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer 2 wiken, op 2 july geane de 55-plussers nei it keatsfjild fan Froubuurt.
Jan Feenstra koe hjoed syn slach slaan, want de boppeste twa fan it klassemint wienen d’r net. Hy wûn 3x en is Kees Sikkema en Albert Dijkstra foarby gongen. Hy hat no mei 26 punten 2 mear as Kees en Albert.

A-klasse: 1. Rienk de Groot, Ljouwert. 2. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 3. Jan Feenstra, Winsum.
B-klasse: 1. Wybe Idema, Gytsjerk. 2. Wim Jousma, Tytsjerk. 3. Auke Kuiken, St. Jabik. 4. Douwe Broersma, Mullum.
C-klasse: 1. Hilbrand Schuurmans, Boalsert. 2. Henk Bootsma, De Knipe. 3. Anne Sybesma, Akkrum. 4. Jan Hoekstra, Gytsjerk.