De priiswinners mei de krâns, flnr.: Tjeerd Bouma, Joeke Jongsma en Sjirk Overal.

De 55+ keatste no wer op Sonnenborgh.

D’r wienen op 19 juny 78 keatsers fan de 55+ delkommen yn Ljouwert en koenen om 10.00 oere begjinne te keatsen yn 2 fjilden mei 8 perken. De frijwilligers hienen it mar wer goed foar elkoar. It wie prachtich moai keatswaar. Gjin sinne en dochs noch sa’n 24 graden mei in bytsje wyn. Letter op de middei kaam de sinne d’r wat by en wie it wat brodzich.

De lêste slach foel om 16.00 oere by de partoeren 77 en 78. Op de stân 5-5 (6-6) wie Bert de Jong fan partoer 78 oan de opslach en hy pleatste de bal tuskenyn, mar efterynse Tjeerd Bouma feegde de bal ûnderhâns knoerhurd nei de boppe en dêr koe Hepke Hiemstra de bal noch krekt keare. Dernei koe Hepke Hiemstra de opslagbal fan Jan Feenstra net foarby de keats krije, dy by de boppe lei. Tjeerd Bouma en Jan Feenstra fan partoer 77 behellen hjirmei de earste en twadde priis. Klassemintslieder Joop Wortman wie d’r wer net en bliuwt op 20 punten stean. Oeds Broersma wint 2x en Hillebrand Schuurmans wint 3x, sadat sy beide boppe oan komme mei 22 punten. Om 16.15 oere rikte Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken op 3 july 2013 geane de 55plussers foar it earst nei Froubuorren.

A-klasse : 1. Tjeerd Bouma, Ljouwert. 2. Jan Feenstra, Winsum.
B
klasse: 1. Sjirk Overal, Oldebroek. 2. Wim Jousma, Tytsjerk.
C-klasse: 1. Joeke Jongsma, It Hearrenfean. 2. Hillebrand Schuurman, Boalsert. 3. Albert Dijkstra, Harns. 4. Jan Wagenaar, Winsum.

Op deze dag verzorgden Dik van der Zee en Hennie Meidertsma “het natje en droogje” voor de 55+ kaatsers en de meegekomen supporters in de kantine (zie foto). In het zomerseizoen zijn de 55-plussers in principe om de 14 dagen te gast op Sonnenborgh in Leeuwarden. De vrijwilligers zorgen daarbij steeds voor het klaarmaken van de velden en het opruimen daarvan.

DikvdZeeHennieMeindertsma