De priiswinners mei de krâns, flnr.: Germ Koopmans, Jan Hoekstra, Anno Miedema en Hepke Hiemstra.

Hepke Hiemstra noch mar krekt by de 55+ en no in krâns.

D’r wienen wer 75 keatsers fan de 55+ nei Sonnenborgh yn Ljouwert taset en om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de list. Piet Keizer wie noch op fakânsje en no hie Minne Soepboer wer lotte mei 22 yn de A, 18 yn de B, 18 yn de C en 17 manlju yn de D-klasse. De earste oere wie de sinne derby en dernei war it bewolkt, mar lokkich bleaun it droech. Mei in temperatuer fan om en naby 18 graden wie it prachtich keatswaar. Foppe de Vries wie op fakânsje west yn Canada en Alaska, mar lokkich hienen de brúne bearen en ysbearen him rinne litten, sadat hy de wedstrydlieding wer op him nimme koe.

Johan van der Veen siet no wer yn de A-klasse en moast trije kear tsin in oare Johan en dêr koe hy mar ien kear fan winne. Op de stân 5-2 (6-6) foar syn partoer liet hy de bal slûpe by de keats en dat wie in djoeren ien, want úteinlik ferlear hy mei syn partoer, mei troch bêst opslachwurk fan Gerrit de Jong. Jan Hoekstra hie twa wike lyn trije kear wûn en no wer, sadat hy no by Johan op it eartse plak yn it klassemint kommen is mei 23 punten.

De partoeren 73 en 74 wienen klear om 15.30 oere. Op de stân 4-5 (4-6) moast Gerrit de Jong fan partoer 73 opslaan en brocht de bal foaryn by Evert Heeg, mar dy sloech de bal kwea út. Hjir sil Evert de hiele wike wol praat oer ha.

Piet Bosgraaf rikte om 15.50 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 14 dagen op 6 july geane de 55plussers nei it keatsfjild by de spoardyk yn It Hearrenfean.!!!

A-klasse : 1e. Anno Miedema, Stiens. 2e. Kees Sikkema, Dronten. 3e. Hans Hilarides, Sint Jabik.

B-klasse: 1e. Hepke Hiemstra, Grou. 2e. Jaap van der Veen, Sint Anne.

C-klasse: 1e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 2e. Skelte Poelstra, Hijum (8 juny ek). 3e. Tsjeard Harkema, Spannum. 3e. Jan Bleeker, Snits.

D-klasse: 1e. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 2e. Sipke Wiersma, Sint Jabik. 3e. Albert Dijkstra, Gytsjerk.