De prijswinnaars v.l.n.r.: Auke Althof uit Dongjum, Jan Wagenaar uit Winsum en Anno Miedema uit Stiens.

De 55+ hâldt de kleikeamers wol kreas op Sonnenborgh.

Ja minsken, in hiel grut ferskil mei de jonges fan 14 oan’t 16 jier, dy op ferskate plakken yn Fryslân nei ôfrin fan it keatsen in grutte bende efterlitte.
D’r wienen 72 keatsers nei Ljouwert takommen en om 10.00 oere koe it oangean mei in moaie keatsdei. Op Sonnenborgh leinen 8 perken yn 2 fjilden en it wie prachtich keatswaar, want it wie sinnich en om en naby 20 graden mei net folle wyn. De lêste slach foel om 15.35 oere by de partoeren 71 en 72, by stân 5-4 (6-4). Wybe Idema fan partoer 72 moast opslaan mei in lytse keats en brocht de bal efteryn by Kees Sikkema. Kees hie gjin begrutsjen mei de bal en sloech gewoan boppe.

Piet Bosgraaf rikte om 15.55 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Nije wike al wer, op 3 septimber geane de 55-plussers nei Sportcentrum Schuttersveld yn Snits. Foar it klassemint die Auke Kuiken goeie saken, want hy wûn 3x en de konkurrinsje liet punten lizze. Auke is dus earste mei 37 punten, Sjirk Overal is twadde bleaun (35 út 19) en Jan Feenstra is tredde bleaun (34 út 20).

A-klasse: 1. Anno Miedema, Stiens. 2. Ynze Stienstra, Baaium.
B-klasse: 1. Auke Althof, Doanjum. 2. Auke Kuiken, St. Jabik. 3. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 4. Tjeerd Harkema, Spannum. 

C-klasse:
1.  Jan Wagenaar, Winsum. 2. Gooitzen Roorda, Froubuorren. 3. Albert Dijkstra, Harns.
4. Tom Zuiderhof, Harns. 5. Piet Keizer, St. Anne.