Oud commissielid Johan Sikkema had een toespraak voorbereid. Door alle drukte was het niet mogelijk om deze toespraak te houden. De tekst daarvan is hieronder te vinden:

Hjoed op 18 Desimber 2019 yn De Trije yn Frentsjer is de grutte feestdei fan 25 jier Keatsen 55+.
It is yn Desimber 1994 út ein setten, op inisjatyf fan Piet Bosgraaf en Jan Hoeksma. Dat stiet hiel moai op de webside beskreaun en dat wie doe in bjusterbaarlik grutte boppeslach, want in soad manlju koenen doe as 55-plussers mei de “VUT”, sadat de jongerein mear oan it wurk komme koe. Tsjintwurdich leit it d’r hiel oars hinne, want de AOW-leeftyd is omheech gongen fan 65 nei 67 jier.
En no nei 25 jier is Piet Bosgraaf noch altyd foarsitter. PETSJE ôf!
In al dy jierren moast Piet goed stjoer jaan oan al dy ferskate Kommisjeleden. Dan siet hy ek al wer ferskate jierren mei in net makkelike thús situaasje mei syn frou.
No is hy 80 jier en sil it stjoer oerjaan oan in nije man en dat is Ludwig Seerden út Frentsjer. Hy is de soan fan Henk Seerden († 29 Novimber 2018) en die hat 15 jier yn de Kommisje sitten fanôf it begjin. Yntusken witte wy, dat Piet bosgraaf Ridder wurden is yn Orde van Oranje Nassau en dat hat hy dik fertsjinne.
Ik ha sels 8 jier yn de Kommisje sitten. Earst stjoerde ik fanôf 2007 de wedstrydferslagen en foto’s nei Jan Braaksma foar syn webside. Yn 2010 ha ik ús eigen webside opsetten (kaatsen55plus.nl). Nei 8 jier ha ik yn 2014 it stokje oerdroegen oan Peter Siemensma út Boalsert en dat wie ek wer in boppeslach.
Want wat sjocht de webside d’r prachtich út. Alles wurdt ek hiel goed byhôlden en dat giet net fansels. Dan kinne wy Peter no ek lokwinskje mei syn 5-jierig jubileum.
Ik hie dizze pear saken d’r efkes útpikt en wol de oare Kommisjeleden en ex-Kommisje net te koart dwaan. Want de oanmeldings ferwurkje, it lotsjen en de listen meitsje, de wedstrydleiding, de finansjele saken, esf. It moat allegearre dien wurde en jo moatte somtiden ek mei krityk omgean kinne. Dan falt my ek noch op, dat Gerrit Otter de nije ponghâlder is (foar my dan) en kennelik docht hy it ek goed, want dizze dei kostet ús sawat neat. Tige tank.
Dan ha ik juster de kompetysjestân fan dat stuit yn Excel setten en de leeftyd fan de âldere dielnimmers d’r by setten.
De âldsten wienen dit jier 84 en dat wienen Bouke Jousma fan Menaam (berne Juny 1935) en Hendrik Weiland fan Koarnjum (July 1935). Bouke hat 9x meidien en Hendrik sels 24x! Yn 2014 wie Willem van der Meulen út Drachten 90 jier en hat yn dat jier noch 8x meidien en is oan’t no ta de âldste dielnimmer. Yn 2012 dienen 6 man fan boppe de 80 jier mei en yn 2013 en 2014 wienen dat mar 3 man. In hiel grut ferskil mei de 15 man fan dit jier, die meardere kearen meidien hawwe.
Hopelik mei dit sukses ferhaal noch in moai soad jierren troch gean.

Opsteld: Johan Sikkema út Emmeloord.