De priiswinners mei de krâns, flnr.: Henk Bootsma, Auke Althof en Brand de Boer. Sikke Koster wie al nei hûs en stiet der net op.

De 55+ keatste yn Jelsum/Koarnjum.

De 55+keatsers hawwe op tongersdei 12 augustus ( fanwegen Freule op woansdei) harren jierlikse Anne Bouma/Kees Smit partij foar de 14e kear keatst yn Jelsum/Koarnjum.
Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 78 op de list yn 8 perken op 2 fjilden, ûnder lieding fan de skiedrjochters Paulus Ennema en Dick van der Zee.
It wie droeg waar, net te folle wyn en de loft licht berûn mei in temperatuer krekt boppe de 20 graden, koartsein prachtich keatswaar. Der wienen ek wer in protte froulju en dy krigen krekt as de keatsers in bon foar kofje en sop.
De kommisje fan de pleatselike keatsferiening, mei stipe fan de 55+ kommisje hie it goed foar mekoar. Sa as oars      ek hie Piet Keizer de lotting dien en de wedstrydlieding wie yn de fertroude hânnen fan Foppe de Vries.

Om 16.00 foel de lêste slach. Der lei in keats by de middelline en Tseard Harkema fan partoer 76 moast opslaan by de stân fan 5-5 (6-6). De efterynse fan partoer 75, Oege Dijkstra, koe de bal net fier genôch útslaan en sadwaande wûn partoer 76.
Nei in prachtige keatsdei koe Rinze van der Veen om 16.35 oere de dikke súvelpakketten útrikke oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Ek krigen in oantal frijwilligers noch súvelpakketten en sekken ierappels.

Op woansdei  18 augustus geane de 55plussers  wer nei it fertroude Sonnenborgh yn Ljouwert.

A-klasse:

1e. Sikke Koster, Dokkum. 2e. Anne Dijkstra, Ljouwert.. 3e. Henk Bloemsma, IJsselmuiden. 4e. Ynse Stienstra, Baaium.

B-klasse:

1e. Auke Althof, Doanjum. 2e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean.

C-klasse:

1e. Brand de Boer, Britsum. 2e. Rienk Rienks, Bitgummole. 3e. Piet Bosgraaf., Drachten.

D-klasse :

1e. Henk Bootsma, De Knipe.

De poedelpriis wie foar Pieter Bergsma út Gytsjerk. Hy hie 6 earsten foar en 18 tsjin.