WAT IN DEI’
Dat konstatearret Peter mei rjocht en reden op ús eigen 55+side. Dêr stiet no ek de weareld oan foto’s op fan ús hofkiker Lieuwe Bosch en fan Henk Bootsma syn namgenoat û.o. fan Keats. Dy hat syn kontakten mei de Provinsje brûkt om ús kommisje op noch heger plan te bringen: wat stie saterdei 28-12 as dekôr fan ‘e ‘Meidielings’ fan Provinsje Fryslân pontifikaal yn ‘e kop op dy Ljouwerter Krante-side? Syn foto fan ‘e folsleine beblomme en bepanne kommisje, mei de deugd – Piet B. dus… – yn ‘e midden.

Seldsume tafrielen waarnommen dy deis. Want wêr op ‘e wrâld sjocht men in âldere hear, it pears-blauwe jubileumshirt strak om ‘e nâle, in keninklik lintsje op ’t boarst, mei syn maten it spul mei de lytse bal spyljen? Omdat it sa sûn is, grif, mar ek omdat se har nocht der mar net fan krije kinne. Boargemaster Rypstra – as âld-sportlearaar fuort thús yn ‘e Trije – fielde it goed oan, doe’t er Piet – want dêr slacht it, fansels, wer op – de onderskieding opspjelde. Gjin plechtich sjaket, stive board of strik, mar in al wat trochswit manljushimd; gjin klysjeespytske, mar in persoanlik wurdsje. Hy hie him goed ynljochtsje litten. Ta beslút sels it ferneamde ‘krûpke’.

As de nije foarsitter Ludvig – wêrom wol ik dêr hyltyd Von Beethoven oan tafoegje: fergelykbere talinten, tink – dy krânseomhingtradysje yn syn hiele hear en fear fuortstette wol, dan frees ik foar de wat lichter boude priiswinners…

No, elk hat sa syn eigen oantinkens oan dy dei. Doe’t ik sa, krekt foar ’t smaaklike buffet, ‘de grutte winners’ fan ‘e jubileumpartij ris oerseach, tocht ik: ‘De krânsen binne wer goed telâne kommen’. Roel, Jelle en Durk – Frysker kin hast net – betûft yn ’t keatsen, al slagge se der ek wolris finaal by troch. Noflike, ynnimmende mannen. In foarbyld foar ús allegearre. Mar ferjit jim eigen ynbring net: rejaal reagearre op ‘e oprop fan ’t gelegenheidskommitee. Tankewol dêrfoar! De kommisje is it gewaarwurden: se hienen de hannen fol oan jim konkretisearre wurdearring. Foar alle leden, it iene wat mear efter ‘e skerms, it oare derfoar! Us altyd meilibjende krityske folger en keatskenner Jan Braaksma himmele my Piet Keizer – ‘de grutte roerganger’- dêrom wat tefolle en te iensidich op yn syn kommentaar op Kaatsen.nl . Al hie dy 25 jier bestien! En dat, wylst dy jonge dochs leafst wat onopfallend op ‘e achtergrûn syn – wichtige – wurk folbringe wol. Dêrfoaroer: net in kik oer dat de foarsitter der nei 25 jier mei ophold. En dêr fernuverje ik my dan oer; mar ik sliep der wol om, hear.

Foar 2020: segen ’t nijjier! En ’t fizier op krânse en krûpke!
Koop
PS: de oare kear wat divans of kanapees derby, om nei iten even langút: ideaal…!