Wat in maat !

Okkerjiers waard der wol beweard, dat de C-maten it measte wûnen: mear as de beide oare nivo’s. Dat waard net befestige troch myn stekproef fan doe.
No ha ‘k it justjes systematysker byholden, de lêste pear jier. Fan elk jier 7 willekeurige wedstriden yn ‘e seal. Ek 7 fan op ’t fjild. Sels oan meidien; sadwaande hie ‘k de listen en koe ‘k sjen op wat nivo as de mannen keatst hienen. Guon wienen de iene kear B-maat, in oare kear C-maat; of se keatsten yn ‘e A’s en dan wer yn ‘e B’s. In suvere fergeliking is dus onmooglik.

Dit hiele akkefytsje hat dan ek kwalik statistyske wearde of wittenskiplike basis. It jout wat ynsjoch yn it ferrin. Mei as konklúzje dat de C-maten in licht oerwicht ha by de priiswinners. Yn ‘e seal teminsten. Mei de krânsen al wer net: dan slane de A-maten foar master op.  As der in kategory oan krapperein komme(n wêze) soe, dan binne it de B-maten.

Har winskje ik dêrom ek krekt even mear súkses ta yn ‘e takomst. Mar de oaren – en mysels – is ’t fansels ek fan herten gund….

Koop Scholten, De Wylgen